Springe nei ynhâld

Jiskebakmuseum

Ut Wikipedy

It Jiskebakmuseum is in partikuliere samling jiskebakken fan Sietse Kuipers út Sint Jabik. It sit by it Radiomuseum yn.

Sietse Kuipers hat sûnt 1982 sa'n 3000 jiskebakken samle, dêr't sa’n 1500 fan tentoansteld wurde. Yn syn hûs hinget in soad guod út beppe har tiid. Net allinnich klokken, mikrofoans en fersterkers, mar ek in tal dynamo’s fan foar de oarloch en 600 âlde radio’s. Om de kolleksje net te grut wurde te litten, sammelet Kuipers allinnich jiskebakken mei reklame der op. Der binne fitrines mei stuollen en auto’s, mar ek hûnderten Delftske blauwe reklame­jiskebakken. De reklame is foar drank, auto's sigaretten, mar ek foar it keninklik hûs en de Friesland Bank. In apart plak hawwe de jiskebakken mei ôfbylden fan doarpsgesichten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: