Springe nei ynhâld

Jierstyl

Ut Wikipedy

De jierstyl is de manear fan oanwizen fan it jierbegjin. Sa'n jierbegjin spilet in rol by datearring en by kontrakten en rinte neffens kalinderjier. Der hawwe ferskate jierstilen brûkt west, faak tagelyk. Sûnder de brûkte jierstyl te witten kin dêrtroch net sein wurde of 1 jannewaris 1500 foar of nei 31 desimber 1500 wie.

Om't no de nijjierstyl alom brûkt wurdt, wurde oare jierstylen faak omrekkene. Dêr't in boarne in jiertal neamt yn in oare jierstyl wurdt dat dan mei twa jiertallen oernaam, begelyks: Karel V * 24 febrewaris 1499/1500.

De net botte dúdlike namme fan dizze styl tsjut oan dat hjirby it nije jier begjint mei Nijjier, dat wol sizze: de dei dêr't no Nijjier op falt - 1 jannewaris. Nei 31 desimber 1999 komt 1 jannewaris 2000. De nijjierstyl is hast oeral op de wrâld yn gebrûk, mar alle lannen hawwe dy op eigen inisjatyf en datum ynfierd.

Yn de kryststyl begjint it jier, krekt as de jiertelling, mei de berte fan Jezus, dat wol sizze: op de dei dat dy berte fierd wurdt - 25 desimber. Nei 24 desimber 1099 komt 25 desimber 1100. It jier begjint hjirmei in wike earder as yn nijjierstyl. Dizze styl waard oant yn de 13e iuw yn Dútslân en Ingelân brûkt.

Yn de boadskipstyl begjint it jier by it earste begjin fan Jezus, dat wol sizze Marije Boadskip - 25 maart, njoggen maand foar 25 desimber. Nei 24 maart 1399 komt 25 maart 1400. In probleem by dizze jierstyl is dat om't de Peaske gjin fêste dei hat, net alle jierren by dizze styl presys ien kear Peaske hawwe. Der binne twa ferzjes fan boadskipstyl:

Betide boadskipstyl
Om't Marije Boadskip foar Kryst komt is it begjin fan it jier yn fergelyk mei kryststyl njoggen moanne earder. Yn de tiid dat troch de Paus boadskipstyl brûkt waard, waard in inkeld kear dizze ferzej brûkt.
Lette boadskipstyl
Yn dizze ferzje komt it jierbegjin trije moanne letter as yn kryststyl. Dizze ferzje waard fan de 10e iuw oant de 13e iuw troch de Paus brûkt, en hat dêrtroch yn Jeropa in protte brûkt west.

Yn de peaskestyl begjint it jier by it wichtichste kristlike feest, Peaske. It krekte begjin fan it jier wie noch wat fariabel.

  • Almeast begûn it nije jier op Peaskesnein, dat wol sizze: at it op Peaskesneon tsjuster waard. Nei 18 april 1499 kaam 19 april 1500.
  • Oaren hienen lykwols it begjin fan it jier op Peaskesneon, dat wol sizze: at it op Goedfreed tsjuster waard. Nei 17 april 1499 kaam 18 april 1500.

It jier begjint yn de peaskestyl in pear moanne letter as by nijjiersstyl. Om't Peaske gjin fêste datum hat is in probleem fan dizze jierstyl dat in datum faaks yn it iene jier hielendal net foarkomt, en yn it oare jier twa kear. By sa'n dûbbelde datum waard by de earste nei Peaske taheake, en by de twadde foar Peaske. Dizze jierstyl hat brûkt west yn Frankryk, fan de 11e iuw oant 1563.

Yn de maitiidstyl begjint it jier dêr't it al begûn foar de ynfiering fan de Juliaanske kalinder - 1 maart. Nie 28 febrewaris 1199 komt 1 maart 1200. Dizze styl waard brûkt yn Ruslân oant dat yn de 13e of 14e iuw oergong op hjerststyl. Yn Feneesje hat dizze styl offisjeel brûkt west oant 1997.

Yn de hjerststyl begjint it jier fjouwer maand earder as yn nijjierstyl. It jier begjint op 1 septimber. Nei 31 augustus 6999 komt 1 september 7000. De hjerststyl waard ûnder oaren brûkt yn Byzantium, dêr in skeppingsjiertelling brûkt waard. Ek waard dizze styl brûkt yn Ruslân, fan doe't de maitiidstyl opjûn waard oant it lân oergong op de Juliaanske kalinder.

Yn de maaiestyl begjint it jier op 1 maaie. De maaiestyl komt út de tiid foar de kristlike kalinders ienfierd waarden yn Noard-Jeropa. Dêrom komt dizze styl net foar as begjindatum fan kalinders. Al waard maaiestyl oant yn de 20e iuw brûkt foar it oangean fan kontrakten, wurkferbannen en houliken.

De oergong fan de iene jierstyl op de oare is dêr't it datearring oangiet gjin probleem, al wurdt foar dúdlikens gauris in skoftke dûbeld datearre. Foar langrinnende kontrakten is it oanpassen fan de jierstyl in grutter probleem. Yn foarbyld hjirfan is Alde Maaie, as gefolch fan it fêsthâlden oan de maaiestyl yn it jierfeint-stelsel.

Der is somtiden wat betizing oer it ferskil yn kalinder en it ferskil yn jierstyl. Dat hinget gear mei twa foarfallen:

  • Om't oan de bul Inter gravissimas, dêr't yn 1582 de Gregoriaanske Kalinder mei ynfierd waard, wie in list fan hjeldagen in Nijjierstyl tafoege, wat faak útlein wurdt as soe de Gregoriaanske kalinder ek in oare jierstyl omfette.
  • Yn Engelân en kloanjes waarden yn 1752 de Gregoriaanske kalinder en de nijjiersstyl tagelyk ynfierd.

De measte lannen yn de wrâld hawwe lykwols earder de nijjiersstyl ynfierd as de Gregoriaanske kalinder, en ek is dy jiersstyl noch in protte brûkt yn tiden en kriten dêr't de offisjele jierstyl oars wie.