Jelle ten Rouwelaar
Jelle ten Rouwelaar (De Jouwer, 24 desimber 1980) is in proffuotballer ôfkomstich út de provinsje Fryslân dy't op it stuit by NAC Breda fuotballet.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jelle ten Rouwelaar begûn mei fuotbaljen by de amateurs fan SC Joure. Emmen wie yn him ynteresseare, sadat hy yn it seizoen 1999/2000 dêr syn debút makke. Ek yn de dêr opfolgjende seizoenen blinkt Ten Rouwelaar út yn it doel en waard selektearre foar Jong Oranje.
Nei fjouwer jier Emmen tekent Ten Rouwelaar foar fiif seizoenen by PSV, dêr't er yn seizoen 2002/2003 ûnder de latte komt te stean. Syn offisjele debút by PSV is de UEFA Champions League-wedstriid tsjin AJ Auxerre dêr't hy in goede wedstriid spilet dy't mei 0-0 lykspul einiget. Lykwols komt yn de rin fan it seizoen krityk op Ten Rouwelaar syn spul. Hy eaget betiden wat ûnwis en neffens guon komt dat troch in gebrek oan erfaring. Ek trener Guus Hiddink hat krityk en yn febrewaris 2003 wurdt besletten dat Ten Rouwelaar de rest fan it seizoen oan FC Groningen ferhierd wurde sil. It seizoen dêrop wurdt er ferhierd oan FC Twente, dêrnei FC Zwolle, FC Eindhoven en yn july 2006 ferhuzet hy nei Austria Wien. Ek dêr bliuwt hy mar ien seizoen en fertrekt wer nei in oare klup.
By NAC giet it in stik better en wurdt Ten Rouwelaar foar Edwin Zoetebier earste keeper. It seizoen 2007/08 einiget hy mei de klup op it tredde plak en as keeper hâldt er 16 kear "de nul", dêr't hy as twadde bêste keeper fan de Nederlân kompetysje einiget efter doelman Gomes fan PSV. Tagelyk ferbettert hy it kluprekord fan 'NAC's langst net-passearde keeper.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]seizoen | klup | wedstriden | goals | kompetysje |
---|---|---|---|---|
1998/99 | FC Emmen | 0 | 0 | Earste Difyzje |
1999/00 | FC Emmen | 11 | 0 | Earste Difyzje |
2000/01 | FC Emmen | 34 | 0 | Earste Difyzje |
2001/02 | FC Emmen | 32 | 0 | Earste Difyzje |
2002/03 | PSV | 2 | 0 | Earedifyzje |
FC Groningen | 4 | 0 | Earedifyzje | |
2003/04 | FC Twente | 11 | 0 | Earedifyzje |
2004/05 | FC Zwolle | 36 | 0 | Earedifyzje |
2005/06 | FC Eindhoven | 36 | 0 | Earste Difyzje |
2006/07 | Austria Wien | 4 | 0 | Bundesliga |
2007/08 | NAC Breda | 32 | 0 | Earedifyzje |
2008/09 | NAC Breda | 17 | 0 | Earedifyzje |
Totaal | 170 | 0 |
Nederlânsk alvetal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn maart 2011 waard Ten Rouwelaar troch bûnscoach Bert van Marwijk as tredde keeper by de seleksje fan it Nederlânsk alvetal helle foar twa EK-kwalifikaasjewedstriden tsjin Hongarije. Hy kaam net yn aksje foar it Nederlânsk alvetal. Op 27 maaie 2011 waard Ten Rouwelaar wer oproppen troch Van Marwijk, diskear foar de oefentrip fan it Neederlânsk alvetal yn Súd-Amearike. Hy ferfong Vorm, dy't op de training yn Hoenderloo in blessuere oan syn rjochterhân oprûn. Ten Rouwelaar is de tredde doelman foar de duels tsjin Brazylje en Uruguay (8 juny).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |