Jehannes de Krigertsjerke (Moskou)

Ut Wikipedy
Jehannes de Krigertsjerke

Иоанновоининская церковь

Lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
adres 46, Ul. Bolsjaja Jakimanka
koördinaten 55° 43' N 37° 36' E
Arsjitektuer
arsjitekt Ivan Zarûdny (?)
boujier 1709-1713
boustyl barok
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 771410349830006
Webside
hram-ioanna-voina.ru
Kaart
Jehannes de Krigertsjerke (Moskou)
Jehannes de Krigertsjerke

De Tsjerke fan 'e Hillige Jehannes de Kriger (Russysk: Церковь Иоанна Воинаis) is in Russysk-otterdokske tsjerke yn it distrikt Jakimanka fan Moskou, Ruslân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke datearret út de tiid doe't Peter de Grutte regearre en waard tusken 1704 en 1717 boud. It ûntwerp fan 'e tsjerke wurdt taskreaun oan de arsjitekt Ivan Zarûdny, alhoewol't dêr gjin wissichheid oer bestiet.

It gebiet tusken de hjoeddeiske strjitte dêr't de tsjerke oan stiet en de rivier de Moskva strûpte der eartiids yn 'e maaitiid jimmeroan ûnder. Dêr leine delsettings fan de Streltsy, Poalen en boeren. Neffens de oerlevering soe Peter de Grutte by in ynspeksje fan 'e wetterskea syn each fallen litten hawwe op 'e skeinde Jehannestsjerke út 1625. Hy joech doe de opdracht om 'e tsjerke op in heger en feiliger plak te bouwen. It hek om 'e tsjerke waard letter yn 1754-1758 boud.

Yn 'e jierren 1779-1791 waard de tsjerke beskildere mei fresko's fan Gabriel Domozjirov. Tagelyk krige de tsjerke in ikonostaze fan Vasily Bazjenov. It wurk fan Domozjirov en Bazjenov gyng lykwols yn 'e jierren 1860 ferlern.

De tsjerke yn de 19e iuw.

It godshûs hat slim te lijen hân yn 'e besettingstiid fan Moskou troch Frânske troepen. De tsjerke waard troch Napoleon's troepen plondere en ûnthillige. Neitiid koe de skea fan 'e tsjerke mei jeften wer hersteld wurde en yn 1840 hie de tsjerke it oarspronklike oansjen werom.

De tsjerke bleau as ien fan 'e pear tsjerken it hiele Sovjet-tiidrek iepen. Likegoed gyng de kristenferfolging yn dy tiid ek net foarby oan 'e parochy fan Jehannes de Kriger. Yn 1922 waarden alle weardefolle saken fan 'e tsjerke konfiskearre en yn itselde jier waard de preester fan 'e tsjerke, Christoffel Nadezjdin, der fan beskuldige de konfiskaasje fan tsjerklike eigendommen te sabotearjen en mei oaren eksekutearre. De preester waard nei it ynstoarten fan 'e Sovjet-Uny as nije martler troch de Russysk-Otterdokse Tsjerke hillich ferklearre. Nei de revolúsje waard de tsjerke boppedat in sammelplak fan ikoanen en reliken út tsjerken, dy't troch de kommunisten sloopt waarden. Yn 1928 krige de ikonostaze fan 'e fernielde Tsjerke fan 'e Trije Hiërargen by de Reade Poarte in plak yn de tsjerke.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь Иоанна Воина на Якиманке