Springe nei ynhâld

Jean Bolland

Ut Wikipedy
Jean Bolland

Jean Bolland (Latyn: Johannes Bollandus; Julémont, 18 augustus 1596 - Antwerpen, 12 septimber 1665) wie in jezuyt en in hagiograaf.

Jean Bolland waard yn 1596 berne yn Julémont, op de grins fan Lân fan Herve en it greefskip Dalhem. Bolland stelde fiif dielen mei hilligelibbens gear, dy't de Acta sanctorum neamd waarden. Syn wurk waard nei syn dea fuortset troch oaren, dy't nei him de bollandisten neamd waarden. Bolland stoar yn de âldens fan 69 jier yn Antwerpen.

Ien fan syn learlingen wie Daniël fan Papenbroeck.