Jarje (band)

Ut Wikipedy

Jarje is in Drachtster band dy't oprjochte waard yn 1974. It wie doe in akoestyske band dy't blues en merkemuzyk spile. It trio bestie yn de santiger jierren út Hille Faber, Jos de Vries en Pieter Immenga.

Yn de jierren tachtich waard it in elektrysk fersterke groep mei Opkeamerpop en Weinhokrock. Jarje stie dêrmei oan it begjin fan Frysktalige rock.

Yn 1986 wie de besetting Hille Faber (sang en mûleoargell), Pieter Immenga (sologitaar), Harry Koch (basgitaar), Jos de Vries (sang en gitaar) en Thys Wadman (drums). Op de twadde lp spile ek Lieuwe Toren (toetsen) mei.

De band spile û.o. op Aaipop. Yn 2004 pakten De Vries en Faber de trie wer op.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Jarje (1981/LP)
  • Boerebal (1987/LP) en (2008/CD)

mei oaren:

  • De Beste fan Omrop Fryslân, diel 2 (1993/CD)
  • Dutch rare folk (2007/CD)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]