Springe nei ynhâld

Japansk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Japanske taal- en letterkunde)

It Japansk (日本語, Nihongo) wurdt sprutsen troch ûngefear 127 miljoen minsken yn Japan en ymmigranten yn ûnder oare Brazylje, de Feriene Steaten en Perû.

It Japansk hat fjouwer dúdlike tiidrekken hân.

  • Ald-Japansk: It Japansk fan foar de 8e iuw
  • Ier-Japansk: It Japansk fan de 9e -11e iuw
  • Middel-Japansk: It Japansk fan de 12e -16e iuw
  • Modern-Japansk: It Japansk fan nei de 16e iuw

Relaasje mei oare talen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der is gjin dúdlike relaasje mei oare talen. De Japanske grammatika fertoant noch de measte oerienkomst mei dy fan de Altayske taalfamylje. In protte taalkundigen tinke dan ek dat it Japansk in al hiel gau ôfsplitst lid is fan dizze groep en/of besibbe oan it Koreaansk. It soe ek in soarte prehistoaryske kreoalske taal wêze kinne, mei in Austronesysk substraat en in Altaysk superstraat.

Foar sprekkers fan bygelyks Turkske talen is it fanwege de sterke oerienkomst tusken de Japanske en de Altayske grammatika makliker om Japansk te learen as foar sprekkers fan Yndo-Europeeske talen. It Ald-Japansk liket klinkerharmony hân te hawwen, hoewol't dit net hielendal te bewizen is. De mieningen oer hoefolle lûden it Ald-Japansk hie en hoe't dy har ta elkoar ferhâlden rinne útien. Oer it generaal wurdt oannomd dat it Moderne Japansk gjin lûdharmony (mear} hat.

It Japanske wurd foar "kofje" is koohii. Dit is in swerfwurd fan Arabyske komôf dat fia Nederlânske hannelers (Desjima) yn de Japanske wurdskat opnomd is.

It Japansk hat yn it ferline in hiel soad Sineeske lienwurden ymportearre, mar is tsjintwurdich lardearre mei oare en benammen Ingelske lienwurden.

Der binne ek pseudo-Ingelske wurden yn it Japansk, dus wurden dy't der wol Ingelsk útsjogge mar yn it Ingelsk sels hielendal net besteane, de saneamde wasei-eigo (和製英語). Bygelyks mai-kaa (my car) yn de betsjutting fan in eigen persoanlike auto. NG (no good) brûkt men om taboes/blunders oan te jaan (it Nederlânsk hat dit soarte pseudo-lienwoorden trouwens ek: oldtimer, stationcar). In nijsgjirrich foarbyld is hanbaagu en hanbaagaa, beide ôflaat fan it Ingelske hamburger, mar by it earste wurd giet it allinnich mar om it fleis en by it twadde om it fleis tusken it broadsje.

It Japansk omfiemet ek guon Nederlânske lienwurden: biiru (fan bier), torappu (fan trap) en karan (fan kraan). Oarsom binne ferskate Japanske wurden yn in protte Westerske talen opnommen: haiku, karaoke en tsunami.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boot, W.J. & M. Kunimori & H. Van der Veere - Syllabus Moderne Japanse Teksten Deel I. Leien, 1992.