Jan Pol (mole)
Jan Pol | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
plak | Dalen | |
adres | Meulenpad 3 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Nôt- en pelmûne | |
boujier | 1876 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 44562 [1] |
De Jan Pol is in nôt- en pelmûne yn it Drintske doarp Dalen. It is de heechste mûne fan de provinsje Drinte.
De foargonger fan de hjoeddeiske mûne, mooglik in standermûne, datearre fan 1820 en baarnde nei de bliksemynslach fan 1875 út. In jier letter waard op it plak de hjoeddeiske mûne boud.
Nei de Twadde Wrâldkriich rekke de mûne bûten gebrûk en yn 1958 waard de mûne ta in piperbus ôftakele. Restauraasjes folgen yn 1971 en 1994. Oant 1981 wie Jan Pol eigner fan de mûne. Syn widdo ferkocht de mûne en yn 1988 naam de doedestiidske gemeente Dalen de mûne oer, tsjintwurdich de gemeente Coevorden. De mûne hie eartiids gjin namme en waard as "mûne fan Jan Pol" oantsjut.
Tsjintwurdich is de mûne ynrjochte as museum, mar noch wol mealfeardich. Frijwillige mûnders litte de Jan Pol regelmjittich draaie.
De Jan Pol is in achtkante stellingmûne. It houten achtkant op de stiennen ûnderbou is reitdutsen en hat oarspronklik fan in houtseachmûne west. De flecht is 21,60 meter en de wjukfoarm âldhollânsk.
Dalen is twa mûnen ryk; oan de súdlike kant fan it doarp stiet de stellingmûne De Bente.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Mûnedatabase
- (ned) De Hollânske Mûne
- (ned) Allemolens.nl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|