Springe nei ynhâld

Jan Oppedijk

Ut Wikipedy
Jan Oppedijk
politikus
echte nammeJan Oppedijk
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum28 novimber 1892
berteplakDrylts
stjerdatum29 juny 1985
stjerplakDrylts
partijCHU
boargemaster fan Drylts
amtsperioade1947 - 1957
foargongerHerman Langman
opfolgerJohan Cavaljé

Jan Oppedijk (Drylts, 28 novimber 1892 – 29 juny 1985) wie in Nederlânsk politikus út namme fan de CHU.

Hy wie in soan fan Jan Oppedijk (1860-1944) en Eelk Tjebbes (1866-1927). Syn heit hie in houthannelbedriuw. Hy studearre Yndysk Rjocht oan de Ryksuniversiteit Leien, wêrnei't er yn 1922 ôfreizge nei Nederlânsk-Ynje. Oppedijk wurke dêr by de rjochterlike macht en brocht it ta residinsje-rjochter fan Batavia. Hy siet mei syn oarehelte fan 1942 ôf in jiermannich yn in Jappekamp. Nei de befrijing kamen beide werom nei Nederlân dêr't er yn 1947 beneamd waard ta boargemaster fan de gemeente Drylts. Tsien jier letter gie er mei pinsjoen.

Oppedijk ferstoar yn 1985 yn de âldens fan 92 jier.