Springe nei ynhâld

Jan fan Arkel (biskop)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jan IV fan Arkel)
Jan fan Arkel ôfbylde op in Uterske groot

Jan fan Arkel (?, 1314 - Luik, 1 july 1378) wie biskop fan Utert fan 1342 - 1364 en prinsbiskop fan Luik fan 1364 - 1378.

Jan wie de soan fan Jan III fan Arkel en syn twadde frou Kunigonda fan Virneburg. Nei de dea fan biskop Jan fan Diest yn 1340 kaam it net daliks ta in opfolger. De kapittels hienen Jan fan Bronkhorst keazen, de paus beneamde Nicolaas Capocci. Dizze waard lykwols net akseptearre troch de kapittels en luts him werom. De úteinlike beneaming fan Jan fan Arkel ta biskop kaam troch de ynfloed fan greve Willem IV fan Hollân.

Syn foargonger hie it Sticht efterlitten as in protektoraat fan Hollân en it bewâld fan Jan fan Arkel wie derop rjochte him oan de foudij fan syn eardere beskermers te ûntlûken. Hy blykte tige súksesfol en wist boppedat finansjeel de boel op oarder te krijen. Hy waard by syn optreden steund troch de stêd Utert, dy't begrypte dat sûnder in sterk lânshearlik gesach de posysje fan ferskate eallju te sterk waard, mei it optreden fan rôfridders en frijbûtsers as gefolch. De stêd besleat him ûnôfhinklik op te stellen foar Hollân oer en sleat yn 1344 in bûn mei de biskop. Jan fan Arkel, dy't him yn 1343 yn Grenoble fêstige hie om de kosten fan in hofhâlding út te sparjen, waard troch syn broer en plakferferfanger Robert fan Arkel yn 1345 weromroppen doe't greve Willem besluten hie Utert oan te pakken en op 8 juny mei in grutte troepemacht de stêd belegere. Nei acht wiken belegering stimde Utert yn mei in bestân, wêrby't se de posysje fan de greve erkenne moasten. Dizze sneuvele lykwols twa moanne letter, wêrnei't yn Hollân de partijstriid tusken Hoeken en Kabeljauwen losbarste. Ek yn Gelre ûntstie om dizze tiid hinne soksoarte partijstriid, sadat dêr de oandacht foar it Sticht minder waard.

De posysje fan it Sticht waard hjirtroch wer sterker en makke nije aksjes tsjin Hollân mooglik. Mei steun fan de stêd waarden yn 1346 Hollânske steunpunten as Iemnes en Iselstein oanfallen en yn 1348 rekke hy yn de slach mei Hollân en Gelre. Al dizze aksjes kosten lykwols mear as Jan betelje koe, en hjirtroch rekke hy no yn de problemen. Sa moast hy Frederik fan Eese, dy't him holpen hie de Sutfenske baanderhear Gijsbrecht fan Bronkhorst te ferslaan, it heule Oersticht, op Follenhove nei, yn pân jaan. It oare jier waarden ek Follenhove en it Nedersticht ferpâne. Boppedat kaam der in mandaat fan de paus om beslach te lizzen op Jan syn tafelgoederen, om dêrmei efterstallige servysjen te foldwaan.

Jan luts him werom yn Grenoble, mar yn 1351 kaam hy werom en wist yn de kommende jierren syn posysje werom te winnen en syn gesach yn it bisdom te werstellen. Hy trede nochris op tsjin lestige kastielhearen en rôfridders, wêrby't ferskate strategysk lizzende kastielen yn Utertske hannen kamen. Binnen de stêd waard stabiliteit skepen troch de ferbanning fan de Hollângesinde partij fan de Gunterlingen. Nei in lêste kampanje tsjin Hollân yn 1355-1356 waard earst de frede tekene: it Nedersticht wie ûnder kuratele fan de greve útkomd en de rôfridders wiene oanpakt.

It Sticht stie der no better foar as it yn tiden west hie. It gefolch is al dat de stêd hieltiten mear macht krigen hie yn ruil foar finansjele steun oan de militêre operaasjes. Se begûn in mear selsstannige koers te farren.

Yn 1364 waard Jan fan Arkel troch paus Urbanus V oerpleatst nei Luik. Troch de macht fan de gilden koe hy dêr syn macht minder jilde litte as yn Utert, al wist hy yn 1366 it greefskip Loan definityf by it prinsbisdom yn te liivjen. Yn 1373 waard hy twongen it Tribunaal fan de XXII op te rjochtsjen. Dat wie in rjochtbank mei soeverein beslissingsrjocht, ta ferdigening fan elke Luikse ûnderdaan tsjin it ûnrjochtmjittich optreden fan de biskoplike amtners. It hie al earder koarte tiid bestien ûnder it bewâld fan Adolf II fan der Marck. Nei syn dea waard Jan fan Arkel begroeven yn de Domtsjerke yn Utert. Dielen fan syn grêftombe waarden nei de Herfoarming ferwurke yn it stek dat de nei him ferneamde kapel ôfslút.

Biskop Jan waard troch auteurs faak betize mei Jan IV fan Arkel en Jan V fan Arkel. Jan IV wie de soan fan Jan III fan Arkel út syn earste houlik mei Mabelia fan Voorne en dus de healbroer fan biskop Jan. Jan V fan Arkel is de pakesizzer fan Jan III fan Arkel, fia syn soan Otto fan Arkel. Biskop Jan fan Arkel is nea fermelde mei in nûmering.