Jan Davidsz. de Heem
Appearance
Jan Davidsz. de Heem (Utert, april 1606 – Antwerpen, tusken 18 septimber 1683 en 18 septimber 1684) wie in Nederlânsk keunstskilder. Hy skildere oars net as stillibbens. Hy waard te Utert berne as Johannes fan Antwerpen yn in skildersfamylje.
Jan Davidsz. de Heem wie tige súksesfol en hy waard in tige begoedige man. Hy wie in sintrale figuer yn de 17e iuwske stillibbensskilderkeunst yn Nederlân, mar ek in wichtige fertsjintwurdiger fan de Flaamske Barokke skilderkeunst.
Neist syn trije soannen (David Jansz. de Heem (29 novimber 1628 - † ?), Cornelis de Heem (1631-1695) en út in twadde houlik Jan de Heem (1650 - † ?) hie er noch ferskate learlingen: Michiel Verstylen, Alexander Coseman, Thomas de Klerck, Senaerd Rougghe en Abraham Mignon.