Jacques d'Arthois
Appearance
Jacques d'Arthois (Brussel, 1613 - dêre, 1686) wie in Flaamsk lânskipsskilder út de baroktiid.
D'Arthois waard yn 1625 learling fan Jan Mertens en waard yn 1634 lid fan it Sint-Lucasgilde fan Brussel. Hy ûntjoech him mei Lucas Achtschellinck en Lodewijk de Vadder (de saneamde Zoniënwoudskilders) ta de meast foaroansteande lânskipsskilders fan dy tiid. Hy wurke gear mei David Teniers de Jonge dy't meastal de persoanen yn de skilderijen foar syn rekken naam, en mei Gaspar de Crayer. Tekenjend foar D'Arthois binne de krêftige, wat rûge pinsielstreken yn syn wurk.
D'Arthois wurke ek foar de Brusselske wandtapytfabrikanten. Yn 1655 waard er beneamd ta tapytûntwerper fan Brussel.
Museums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wurk fan Jacques d'Arthois is te finen yn de neifolgjende musea: