Jacques Ewalds

Ut Wikipedy
Jacques Ewalds
sporter
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 28 febrewaris 1940
berteplak Fenlo
lingte 1,80 m
sportive ynformaasje
sport Follybal
O.S. 1964

Jacques Ewalds (Fenlo, 28 febrewaris 1940) is in eardere Nederlânske follyballer. Hy die ienris mei oan de Olympyske Spullen en helle dêr gjin medalje by.

Jacques Ewalds hearde ta de earste Nederlânske follybalploech dy't ôffurdige waard nei de Olympyske Spullen. Yn 1964 waarden by de Simmerspullen yn Tokyo judo en follybal yntrodusearre as Olympyske sport. Nederlân waard by de Simmerspullen fan 1964 achtste fan de tsien dielnimmende lannen. Yn totaal hat Jacques Ewalds 40 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.[1] Yn syn aktive tiid as follyballer wie er ûnder oare oansletten by Valuas yn Fenlo.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ynterlannen oersjoch NeVeBo