Jacob Schick
Appearance
Jacob Schick (Ottumwa (Iowa), 16 septimber 1877 - Montreal, 3 july 1937) wie in Amerikaansk útfiner en ûndernimmer. Hy hie mear as ien patinten op skearapparaten.[1] Schick syn wichtichste útfining wie it elektrysk skearapparaat yn 1923.
Nei't de miljonêr Schick in grut part fan syn fermogen op de Bahama's ûnderbrocht hie, hinge him in ûndersyk nei belêstingflecht troch in Komitee fan it Amerikaansk Kongres boppe de holle. Schick naaide út nei Kanada yn 1935 en waard Kanadeesk steatsboarger.
Hy stoar dêr oan komplikaasjes nei in nieroperaasje. Hy liet in frou, Florence Leavitt Schick Stedman, en twa dochters efter.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |