Springe nei ynhâld

J.L. Hooglandgemaal

Ut Wikipedy
J.L. Hooglandgemaal
bouwurk
J.L. Hooglandgemaal
J.L. Hooglandgemaal
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Starum
adres Stadsfenne 33
koördinaten 52° 53' 41" NB 5° 22' 52" EL
bysûnderheden
type bouwurk gemaal
subtype elektrysk gemaal
boujier 1966
arsjitekt P. de Vries
oerbrêget Johan Frisokanaal
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 532138
oare ynformaasje
kapasiteit maks 7340 m³/minút
kaart
J.L. Hooglandgemaal (Starum)
J.L. Hooglandgemaal
Skroefpomp
Sicht fan it kanaal ôf

It J.L. Hooglandgemaal is in elektrysk gemaal yn Starum dat ree kaam yn 1966. It bouwurk mei in bûgd tek is fan de arsjitekt P. de Vries en is neamd nei J.L. Hoogland, deputearre fan Wettersteatsoangelegenheden.

Yn de hal stean fjouwer skroefpompen. It gemaal lost it wetter út de Fryske boezem wei op de Iselmar. It naam de taak oer fan it oare gemaal yn Fryslân dat wetter lost op de Iselmar, it yr. D.F. Woudagemaal op De Lemmer. Dy hoecht allinnich mar by tige hege wetterstannen by te springen. De ôffierkapasiteit fan it J.L. Hooglandgemaal is mei goed 7.000 m3 yn 'e minút oardel kear grutter as dy fan it Woudagemaal. Op 10 maaie 1967 waard it gemaal offisjeel iepene. It leit besuden de Johan Frisoslûs.

It gemaal waard fenamd nei PvdA-politikus Jan Hoogland.