Springe nei ynhâld

Jûlija Timosjenko

Ut Wikipedy
Jûlija Timosjenko yn 2010

Jûlija Volodymyrivna Timosjenko (Oekraynsk: Юлія Володимирівна Тимошенко, [ˈjulʲija β̞oloˈdɪmɪriu̯na tɪmoˈʂɛnko]) (Dnjepropetrovsk, 27 novimber 1960) is in Oekraynske ûndernimmer en politika. Fan 24 jannewaris oant 8 septimber 2005 en fan 18 desimber 2007 oant 3 maart 2010 wie sy premier fan de Oekraïne. Tymosjenko is de listlûker fan Blok Jûlija Tymosjenko.

Timosjenko foltôge yn 1984 har stúdzje ekonomy yn hat berteplak Dnjepropetrovsk. Yn 1988 begûn sy mei har man Oleksandr in bedriuw yn de gasyndustry, dat him nei it ûnôfhinklik wurden fan de Oekraïne yn 1991 talei op regearingskontrakten. Desimber 1996 waard hja lid fan it Oekraynske parlemint, de Verchovna Rada. Yn 1996-1997 wie sy foarsitter fan de Ferienige Enerzjysystemen Oekraïne.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Yulia Tymoshenko fan Wikimedia Commons.