Springe nei ynhâld

Jägermeister

Ut Wikipedy
Flessen Jägermeister

Jägermeister (Dútsk foar jagerkampioen) is in krûdelikeur mei 35% alkohol dat yn Wolfenbüttel, Dútslân makke wurdt. It liket op it Deenske magebitter Gammel Dansk en it Hongaarske Unicum.

It drankje kin suver (mar dan kuolle) of as miksdrankje brûkt wurde. It kin tradisjoneel mikst wurde mei sinesappelsop of Coca-Cola, mar der binne ek spesjale resepten mei kakao of molke.

It geheime resept foar Jägermeister datearret út 1934 en hat 56 krûden. Yn 1935 ferskynde de drank op de Dútske merk. Sûnt de 1970-er jierren wurdt it eksportearre.

Oarspronklik wie it drankje bedoeld as in genêsmiddel foar fan alles en noch wat, in panasee. Yn Dútslân wurdt it noch hieltyd brûkt as digestyf, dat it stiet yn de (medisyn)kast fan in protte Dútske húshâldens. It drankje hat dêrtroch wat in âlderein-imago.

It logo fan Jägermeister giet werom op de leginde fan Sint Hubertus, de beskermhillige fan de jagers. It logo lit de kop fan in hart sjen, mei in ljochtsjend krús tusken de tûken fan de hoarnen. Op it etiket stiet it earste kûplet fan in gedicht fan Oskar von Riesenthal:

Das ist des Jägers Ehrenschild,
daß er beschützt und hegt sein Wild,
weidmännisch jagt, wie sich's gehört,
den Schöpfer im Geschöpfe ehrt.

Oerset yn it Frysk giet it sa:

Dat is de earesaak fan de jager
dat er hoed en noed stiet foar syn wyld
as jager jaget sa at it heart
en de Skepper yn it skepsel earet.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]