Springe nei ynhâld

Izer

Ut Wikipedy
Izer

Izer is in skiekundich elemint mei symboal Fe (út it Latyn: ferrum) en atoomnûmer 26. It is in griis oergongsmetaal.

Yn de folksmûle wurdt de term izer faak brûkt foar materiaal dat eigentlik stiel hjit; mear gegevens oer meitsjen, bewurking en brûken derfan binne te finen ûnder stiel.

Ut opgravings blykt dat om 4000 f.Kr. izer brûkt waard yn Sumearje en it Alde Egypte foar spearpunten en ornaminten. Faak kaam it izer hjirfoar fan ynsleine meteoriten (it saneamde meteoarizer). Yn de dêrop folgjende iuwen waard it brûken fan izer ferspraat nei Mesopotaamje, Anatoalje, Midden-Easten en oare gebieten. Neidat ûntdekt wie hoe't izer út syn ertsen wûn wurde koe en dêrnei smeid, waard it in soad brûkt.

Tusken de 12e iuw f.Kr. en de 10e iuw f.Kr. naam izer it plak fan brûns oer by de produksje fan ark en wapens. Dizze oergong fan brûns nei izer, dy't izertiid ynlate, waard net sasear feroarsake troch bettere eigenskippen fan izer, mar mear troch sterk slonken beskikberheid fan tin, in haadbestândiel fan brûns. Yn it Midden-Easten waard ûntdekt dat de kwaliteit ferbettere wurde koe troch it rûge izererts te ferhjitsjen yn in bêd fan houtskoal. Letter waard dat prosedee bekend as karbonisaasje. Yn Sina waard it prinsipe fan de heechoven betocht en koe de kwaliteit fan it izer fierder ferbettere wurde. Der kaam dan mear koalstof yn it izer wêrtroch't al in soarte stiel ûntstie, in legearing fan izer en koalstof.

De namme izer komt fan it Oergermaanske wurd īsarna-, wat op syn beurt mooglik wer komt fan it Proto-Yndo-Europeesk is-əro- "sterk (metaal, yn fergeliking mei it sêftere brûns)".

Fan alle bekende metalen wurdt izer it meast brûkt, tsjintwurdich foaral yn de foarm fan stiel. Omdat it goedkeap en sterk is wurdt it brûkt foar bygelyks auto's, skippen en foar it bouwen fan grutte konstruksjes.

Oare toepassings binne:

Opmerklike eigenskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Izer is krektas nikkel en kobalt in ferromagnetysk metaal. Dekearn fan de meast frekwinte izer-isotoop 56Fe hat de heechste biningsenerzjy fan alle eleminten wêrtroch't izer it swierste element is dat eksoterm makke wurde kin troch fúzje en it lichtste elemint dat sûnder enerzjyferlies makke wurde kin troch kearnsplitsing. Dit ferklearret wêrom't it elemint in soad foarkomt yn it hielal, de totale massa izer yn it universum bedraacht mear as 100 kear dy fan alle swierdere elementenmei elkoar. Mei 32,1 % is it it elemint dat it meast foarkomt yn de gearstalling fan de ierde.

De ierdkoarste bestiet foar ûngefear 5% út izer, meast foarkommend as it mineraal hematyt; izer(III)okside ("izertriokside" bestiet net) (Fe2O3). Suver izer wurdt hjirút isolearre troch it erts by hege temperatuer te redusearjen mei koalstof. Yn hast alle dielen fan de wrâld binne izerminen te finen. De grutste wingebieten lizze yn Sina, Brazylje, Austraalje, Ruslân en Yndia, by elkoar goed foar ûngefear 70% fan de wrâldproduksje.

Bysûndere beaming fan izerferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferbinings mei Fe2+ wurde oantsjutten mei ferro- of Fe(II); Fe3+ mei ferri- of Fe(III) en Fe4+ mei ferryl- of Fe(IV), neigeraden de oksidaasjetastân. Bygelyks ferrosyanide en ferrisyanide (de twa tastannen fan heksasyanoferraat)

Meast stabile isotopen
Isotoop Relative oanwêzichheid (%) Ferfaltiid ferfalnoarm ferfalenerzjy (MeV) ferfalprodukt
54Fe 5,845 stabyl mei 28 neutroanen
55Fe syn 2,73 j EV 2,603 55Mn
56Fe 91,754 stabyl mei 30 neutroanen
57Fe 2,119 stabyl mei 31 neutroanen
58Fe 0,282 stabyl mei 32 neutroanen
59Fe syn 44,503 d β 1,565 59Co
60Fe syn (2,62 ± 0,04)×106 j[1] β 3,978 60Co

Yn de natuer komme fjouwer stabile izerisotopen foar, wêrfan 56Fe de meast foarkommende is. 60Fe is in tige lang libjende radioaktive isotoop en is fan grut belang by ûndersyk nei de oarsprong fan it sinnestelsel.

Toksikology en feilichheid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't izer as spoarenelemint yn it minsklik lichem foarkomt, is it yn grutte hoemannichtea fergiftich, omdat it dan reageart mei peroksiden en frije radikalen foarmet. It kin de lever, hert en endokrine organen oantaaste.

Izer yn fieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch foar mear ynformaasje: Izer (fieding).
Yn organismen spilet izer in grutte rol. It aaiwyt hemoglobine tankt syn aktiviteit oan izerioanen en izer is ek in wichtich bestândiel fan in soad enzimen.

Dit izer sit yn fiedselboarnen as fleis, fisk, nôten, pulfruchten en beane.

It minsklik lichem hat deis ûngefear 15 mg izer nedich.

  1. Physical Review Letters American Physical Society