Isabelle Gatti de Gamond

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Isabelle Gatti de Gamond

Isabelle Gatti de Gamond (Parys, 28 july 1839 - 11 oktober 1905) wie in Belgysk feministe.

Sy wie ien fan de earste froulju dy't harren fersetten tsjin it idee fan de femmes savantes. Dat wienen emansipearre froulju dy't troch te studearjen harren froulikens ferlern hienen. Gatti de Gamond seach it ûnderwiis wol as in wichtich wapen yn de striid foar like rjochten.
Beynfloede fan de pedagogyske skriuwsels fan har mem, Zoë de Gamond, begjint hja it tydskrift Cahier de Femmes. Yn dat blêd skriuwt hja oer har ideeën. In stikmannich jierren letter stichtet hja in middelbere famkesskoalle. De leararen binne allegear frijsinnigen en de learstof is syn tiid fier foarút.

It sosjalisme wurdt troch har as bûnsmaat beskôge. Op sosjalistyske kongressen ferdigenet sy de saak fan de frou. At de Belgische Werkliedenpartij (BWP) beslút om foarrang te jaan oan it algemien stimrjocht foar manlju is hja bot teloarsteld. It frouljusstimrjocht komt der pas yn 1948. ]