Springe nei ynhâld

Isabelle Fuhrman

Ut Wikipedy
Isabelle Fuhrman yn 2010

Isabelle Fuhrman (Washington, D.C., 25 febrewaris 1997) is in Amerikaanske jeugdaktrise en spile ûnder oare yn 'e film Orphan de rôl fan Esther Coleman.

Isabelle Fuhrman is berne yn Washington, D.C., en opgroeid yn Atlanta. Har mem, Elina Fuhrman, berne yn de Sowjetuny, is sjoernaliste. Har heit, Nick Fuhrman, wurke by de Republikeinske Partij yn Wiskonsin. Se hat ien âldere suster, Madaline Fuhrman. Fuhrman's karriêre begûn op har sânde, doe't se by de telefyzjestjoerder Cartoon Network caste waard foar in telefyzjeshow. Har debút foar grut publyk kaam in jier letter, yn 2007 mei de film Hounddog. Yn 2009 kaam de film Orphan út, dêr't se gearwurke mei ûnder oare Vera Farmiga en Peter Sarsgaard. Se waard caste by in nasjonale syktocht nei de haadpersoan troch Warner Bros. Doe't Leonardo DiCaprio in audiotape fan Fuhrman hearde, besluet hy dat hy Orphan net sûnder har meitsje woe. Har fertolkjen fan de rôl fan Esther leverde gâns lôvjende resinsjes op. In oar wolbekend optreden fan Fuhrman wie de rôl fan Gretchen Dennis (aka ghost girl), dy't se mei Jennifer Love Hewitt fertolke yn de tv-hit Ghost Whisperer. Ek wurke se al mei oan ferskate commercials foar ûnder oare de Pizza-hut en K-mart.

Jier Film Rol Status
2006 Justice Grace O'Neil TV
2007 Hounddog Grasshopper
2008 Ghost Whisperer Gretchen Dennis TV
2009 Orphan Esther
Children of the Corn (stim)
2010 Sammy's Adventures: The Secret Passage Hatchling Shelly (stem) post-productie
2011 Pleading Guilty Carrie TV
Salvation Boulevard Angie
2013 After Earth Rayna