Isabel Sarli
Isabel Sarli | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hilda Isabel Gorrindo Sarli | |
nasjonaliteit | Argentynsk | |
berne | 9 july 1935 | |
berteplak | Concordia, Entre Ríos | |
stoarn | 25 juny 2019 (89 jier) | |
stjerplak | Buenos Aires | |
jierren aktyf | 1954—1980 1996—2009 | |
offisjele webside | ||
Profyl Sarli yn de IMDb |
Hilda Isabel Gorrindo Sarli (Concordia, 9 july 1935 - Buenos Aires, 25 juny 2019), bynamme Coca, is in earder Argentynsk aktrise en glamour model, ferneamd fan har sexploitation films. Sarli makke oeral yn de wrâld in protte yndruk. Se wurdt beskôge as in kultuerikoan en typysk sekssymboal yn har heitelân.
Sarli wûn yn 1955 de Miss Argentina-ferkiezing en moete by dy gelegenheid presidint Juan Domingo Peron. Dêrtroch waard sy by regisseur Armando Bó foar de oandacht brocht en dy makke tal fan – meast seksploitaasjefilms – mei har.
Doe't sy yn 1956 yn Bós syn film El trueno entre las horas neaken te sjen wie (de earste neakensêne yn in Argentynske film) joech dat in protte opskuor en wie se yn ien klap ferneamd yn hiel Latysnk-Amearika. Letter arbeide se ek mei oare regisseuren, mei Leopoldo Torre Nilsson en Dirk DeVilliers yn The Virgin Goddess, har iennichste Ingelske film, troch wa't se op it Ynternasjonale Filmfestival fan Cannes yn 1962 ek by it Jeropeeske publyk bekend waard. Oare oanbiedings om mei topregisseurs te wurkjen wiisde se ôf. Sarli's oeuvre befettet goed 30 film- en telefyzjeproduksjes.
Op 12 oktober 2012 ferklearre de Argentynske presidinte Cristina Fernández de Kirchner Isabel Sarli ta 'kultuerambassatrise fan Argentynje'.[1]
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1958 : El trueno entre las hojas.
- 1959 : Sabaleros.
- 1960 : India.
- 1960: ...Y el demonio creó a los hombres.
- 1961 : Favela.
- 1962 : La burrerita de Ypacaraí.
- 1962: Soixante-dix fois sept.
- 1964 : Lujuria tropical.
- 1964: La leona.
- 1964: La diosa impura.
- 1965 : La mujer del zapatero.
- 1966 : Días calientes.
- 1966: La tentación desnuda.
- 1967 : La señora del intendente.
- 1968 : La mujer de mi padre.
- 1968: Carne.
- 1968: Fuego.
- 1969 : Desnuda en la arena.
- 1969 : Embrujada.
- 1969 : Éxtasis tropical.
- 1972 : Fiebre.
- 1973 : Furia infernal.
- 1974 : Intimidades de una cualquiera.
- 1974 : El sexo y el amor.
- 1975 : La diosa virgen.
- 1977 : Una mariposa en la noche.
- 1979 : Último amor en Tierra del Fuego.
- 1979 : Insaciable.
- 1980 : Una viuda descocada.
- 1996 : La dama regresa.
- 2004 : Floricienta.
- 2007: Carne sobre carne.
- 2009: Arroz con leche.
- 2010: Mis días con Gloria.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|