Springe nei ynhâld

Isaac Watts

Ut Wikipedy
Dit artikel is in stobbe oer religy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Isaac Watts

Isaac Watts (Southampton, 17 july 1674Stoke Newington, 25 novimber 1748) wie in Ingelsk teolooch‎, logikus en lieteskriuwer.

Hy wie in produktyf en populêr hymneskriuwer en hat sa'n 750 hymnes op syn namme brocht. Syn wurken binne ûnder oareWhen I Survey the Wondrous Cross, Joy to the World en O God, Our Help in Ages Past. Hy wurdt erkend as de 'Godfather of English Hymnody'; in soad fan syn hymnes wurde hjoed-de-dei noch altyd brûkt en binne yn withoefolle talen oerset.