Springe nei ynhâld

Ilke Wyludda

Ut Wikipedy
Ilke Wyludda
sporter
Ilke Wyludda (1988)
Ilke Wyludda (1988)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ilke Wyludda
nasjonaliteit Dútsk
bertedatum 28 maart 1969
berteplak Leipzig
stjerdatum 1 desimber 2024
stjerplak Halle
lingte 1.84 m
gewicht 95 kg
sportive ynformaasje
sport Atletyk
ûnderdiel Discussmiten
O.S. Spanje 1992,
Atlanta 1996,
Sydney 2000
P.S. Londen 2012
debút 1985,
2012 Oanpaste atletyk
karriêre-ein 2000,
2017 Oanpaste atletyk
ekstra Earste Dútske atlete dy't har lân fertsjintwurdige op sawol de Olympyske as Paralympyske Spullen.
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1996
Sulver grut sulver 2x WK 1991, 1995
Goud grut goud 2x EK 1990, 1994,
Oanpaste atletyk;
Sulver grut sulver 1x WK 2015,
Sulver grut sulver 1x EK 2014,
Brûns grut brûns 1x EK 2014

Ilke Wyludda (Leipzig, 28 maart 1969 - Halle, 1 desimber 2024) wie in Dútsk atlete, dy't útkaam by it discussmiten, dy't oant 1990 út kaam foar it doetiidske East-Dútslân. Ilke Wyludda wie de earste Dútske atlete dy't har lân fertsjintwurdige op sawol de Olympyske as Paralympyske Spullen.

Sy die twa kear mei oan de Europeeske kampioenskippen, trije kear oan it Wrâldkampioenskip, en de Olympyske Simmerspullen (yn 1992, 1996 en 2000). By dizze kampioenskippen waard Ilke Wyludda ien kear Olympysk kampioene, en twa kear Europeesk kampioene.

Nei har karriêre as atlete gie se as fysioterapeute oan it wurk yn de handicaptesport, letter studearre se genêskunde, waard dokter en gie oan de slach as anestesist. Yn 2011 moast der in skonk amputearre wurde fanwegen in bloed ynfeksje. In pear moannne letter kaam se werom as atlete yn it oanpaste atletyk klasse F58 en letter klasse 57.

Sy die by it oanspaste atletyk twa kear mei oan de Europeeske kampioenskippen, ien kear oan it Wrâldkampioenskip, en de Paralympyske Simmerspullen yn 2012. By dizze kampioenskippen behelle Ilke Wyludda twa sulveren medaljes en in brûnzen medalje. Op de Paralympyske Spullen smiet se it oant it 5e plak.

Yn 2017 naam Wyludda definityf ôfskied fan har karriêre as atlete. Ilke Wyludda ferstoar op 1 desimber 2024, yn 'e âldens fan 55 jier, oan de gelfolgen fan in slimme sykte.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:DE
  • Wikipedy:EN
  • Wikipedy:NL