Iismummy

Ut Wikipedy
39.000 jier âlde iismummy fan de 6 oant 8 moanne âlde wolhierrige mammoet 'Dima'

In iismummy is in mummy dy't ûntstiet at in minsklik of biste lichem nei it ferstjerren yn iis bewarre bliuwt.

Foarbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn augustus 2004 waarden yn de Italjaanske Alpen trije liken fan Eastenrykske soldaten út de Earste Wrâldoarloch fûn. It lichem fan ien fan harren waard oan it museum fan Bolzano oerlange foar stúdzje. De trije lichems wiene tige goed bewarre. Se waarden fûn troch Maurizio Vincenzi, direkteur fan in museum foar kriichsskiednis yn Peio en teffens lid fan in berchrêdingsteam, dy't it útein fan de gletsjer bestudearre. De oare stoflike omskotten binne op in militêr begraafplak yn Peio beïerdige.

In foarbyld fan in minsklike iismummy is ek "Ötzi". Oare iismummys binne fûn op Grienlân en heech yn de Andes, mar dy wiene sa âld net as Ötzi.

Sjoch e k[bewurkje seksje | boarne bewurkje]