Ierdappelsetmasine

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Moderne ierdappelsetmasine
Ierdappelsetmasine - folboerd
Setstik mei opstrikers

In ierdappelsetmasine of ierdappelsetter wurdt brûkt om poaters (of setters) te setten. De moderne masines sette twa, fjouwer, seis, acht en sels wol 12 rigen ierdappels tagelyk. De setters wurde yn ién grutte bunker of yn 4 lytsere bakken stoart. Ut dy foarriedbunker wei wurde de ierdappels nei de seteleminten brocht. Der binne ferskate typen ierdappelsetters.

Leppelsetter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De masine bestiet út in freem, seteleminten, in foarriedbunker foar ierdappels, in fuorgebalke mei opstrikers, in meganisme foar it oandriuwen fan de seteleminten en kin foarsjoen wurde fan ferskate opsjes. It freem is foarsjoen fan oankeppelingspunten om de masine efter in trekker te dwaan, itsij yn de trijepuntshefynrjochting, itsij oan de trekheak fan de trekker. Dêrnjonken hat it freem tsjillen. De seteleminten binne foarsjoen fan in transportbân mei leppels om de ierdappels ien foar ien op te nimmen en ticht by de grûn falle te litten. Dêrnei wurde de ierdappels mei grûn tadutsen troch opstrykskiven. De oandriuwing fan de seteleminten bart troch of in meganyske oandriuwing fan de tsjillen, of troch de ôftakas fan de trekker.

Snaresetter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De masine bestiet út in module, dêr’t de dosearring fan de ierdappels yn bart, mei dêrboppe de ierdappels dy’t set wurde moatte. De te setten poaters kinne op ferskate wizen op de masine meinommen wurde, û.o. troch in platboaiembunker of yn grutte kisten op in kistedraaier. Ofhinklik fan de metoade wurde de ierdappels mei ferdrach op de tafierbân lege. Dy draait nei efteren, dêr’t de ierdappels fan lytse hichte ôf op it snarebêd falle. It snarebêd bestiet út 6 setsnaren, dy’t nei foaren draaie en oan wjerskanten fan de setsnaren 9 retoersnaren, dy’t nei efteren draaie.

As der genôch ierdappels op de retoersnaren lizze wurdt de efterklep nei efteren drukt, dy skeakelet op syn bar de mikroskeakelder. De mikroskeakelder skeakelet mei in relais de spanning út fan de elektromagnetyske keppeling, dy driuwt de tafierbân oan, sadat dy by genôch foarried oan ierdappels op it snarebêd stoppet. As de foarried sa lyts wurden is, dat de efterklep wer nei foaren giet, wurdt de tafierbân wer ynskeakele.

Fia de setsnaren en de skûmrubberrôle geane de ierdappels de masine út yn fertikale rjochting nei de grûn. Dêr falle se yn in spesjaal troch de fuorgelûker foarme geultsje, wêrfan’t de djipte troch djiptelooptsjillen útmakke wurdt. Ta beslút wurde de ierdappels mei grûn tadutsen troch de opstrykskiven.

Spikersetter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dit prinsipe wurket mei in grut rêd mei spikers. De ierdappel wurdt yn de foarriedbunker oan de spiker pript, en der deun boppe de grûn wer ôfskood.

Fakuümsetter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dit prinsipe wurket mei in grut rêd mei sûchnappen. De ierdappel wurdt yn de foarriedbunker troch de sûchnap fêstpakt, en deun boppe de grûn loslitten.

Tagelyk of dêrnei wurdt yn ien of twa kear de rêch, dêr’t de ierdappels yn waakse, opboud mei in opstrykkap of rêgefees.