Iepen plak (narratology)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

In 'iepen plak' is in part fan in tekst yn in ferhaal of roman dat foar de lêzer ûndúdlik is en fragen opropt. Wannear't men in literêre tekst lêst, freget men jin al rillegau ôf wêr't dy tekst eins oer giet. In lêzer krijt ynformaasje oer de foarfallen en de personaazjes en leit dêr ferbannen tusken. Yn literêre teksten wurdt dy ynformaasje (oer personaazjes, de romte, de tiid, ensafh.) faak net yn ien kear jûn. Boppedat is dy ynformaasje faak net yn ien kear dúdlik. In literêre tekst wurdt dan ek kenmerke troch saneamde 'iepen plakken'.

Iepen plakken yn in tekst aktivearje de lêzer, want dy krijt fragen oer de tekst en sil nijsgjirrich wurde en yn de tekst sykje nei antwurden op dy fragen. De romte tusken in iepen plak en de beäntwurding derfan wurdt foarme troch in spanningsbôge.