Springe nei ynhâld

Ie (Drylts)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ie (Drylst))
De Ie yn Drylts

De Ie is in rivierke yn de gemeente Súdwest-Fryslân dat earder in ferbinding wie tusken de Middelsee en de Sudersee/Flevomar. Oan dizze rivier is de stêd Drylts ûntstien. De Ie streamt noch altyd troch it âlde stedssintrum. Earder foarme dizze wetterrin in ienheid mei de Ie yn Gaasterlân.

Tsjintwurdich streamt de Ie tusken De Geau en mei in bocht komt it rivierke fia de Wynsleat op de Wide Wimerts út.