Idzerdastins
De Idzerdastins is in eardere state dy't yn Teridzert, gemeente Weststellingwerf stie. Op it âlde stee stiet no in pleats.
It boujier is ûnbekend, yn de Tegenwoordige Staat van Friesland wurdt yn diel 3 op side 607 ûnder Ter Idzerd skreaun:
Dit dorp heeft ongetwyffeld zyn naam gegeeven aan het geslacht van Idzerda, het welk hier, ten tyde der troebelen, een sterk Stins heeft gehad, in het Noordoosten des Dorps, nabij de scheiding van Nyeholtpade, welk, na tweemaalen afgebrand geweest te zyn, wederom werd opgebouwd door den Heer en Mr. Baerth van Idzerda, eerst Gedep. Staat, en naderhand Raadsheer ten Hove van Friesland, na welken hier nog twee Grietslieden uit dat geslacht hebben gewoond. Het oude Stins vervallen zynde, is daar voor, by onzen tyd, een ander huis, wel van minder omtrek, doch in eenen meer hedendaagschen smaak, opgebouwd door de Familie van Ter Wisga, thans deeze plaats in eigendom bezittende.
Om 1740 is de âlde sealstins mei útbou troch de famylje Ter Wisga ferfongen troch in moderner hûs. Blikens in fermelding fan de reizgjende ferslachjouwer en kranteútjouwer Jacob Hepkema fan It Hearrenfean soe it foarste stik fan dat nije hûs mei in liedklok op it dak en it jiertal 1741 yn de foargevel doe noch bestien hawwe, it wie der yn 2005 net mear. Op it plak dêr't Eekhof yn syn atlas fan ± 1850 de Idzerdastins fermeldt, stiet no in grutte pleats.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- ± 1500 Barth fan Idzerda
- Meinte Idzerda (grytman fan Weststellingwerf fan 1600 - 1619)
- Homme Idzerda (folge yn 1619 syn heit op as grytman)
- ± 1740 famylje Ter Wisga
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|