Iderien wurdt bekend

Ut Wikipedy

'Iderien wurdt bekend' is de debútsingle út 2016 fan Frerik de Swetser út Wikel.

Frerik de Swetser kaam yn 2016 mei dit nûmer binnen op it tredde plak fan de Fryske Top 100. Fan it liet bestiet in klip.[1] Yn de klip dogge in soad bekende Friezen mei: Johannes Rypma en de Bounty Hunters, Emiel van de Hûnekop, Jelle B, Jack Bottleneck, de Suskes, Strawelte, de Dikke Lul Band en Willem Waldpyk.[2] Fierders binne Jack Bottleneck, Arie Kuipers, Arjen, Foppe Land, Wout Paulides Sipke de Boer, Sytse Haima, Stilt Walk Company en Franciska Schram en Fokko Dam te sjen. Yn 2018 ferskynde de Nederlânske ferzje fan it liet mei de titel Iedereen wordt bekend.[3]

Yn dit nûmer stekt er de gek mei it Fryske muzykwrâldsje. Sa freget er himsels ôf wêrom 't hy noch net bekend is, oars as de Hûnekop, Johannes Rypma en Jelle B.

Te hearren op[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Iderien wurdt bekend (single, 2016)
  • De hits fan Frysk FM ; vol.1 (CD) Marista MCD 17181, septimber 2017

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: