Springe nei ynhâld

Panhandle fan Idaho

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Idaho Panhandle)
In lânkaart fan Idaho mei de Panhandle fan Idaho yn read werjûn.

De Panhandle fan Idaho (Ingelsk: Idaho Panhandle), it "Panhânsel fan Idaho", is in ynformele en ûnoffisjele, mar faak brûkte beneaming foar it útstykjende noardlike diel fan 'e Amerikaanske steat Idaho. Dat gebiet grinzget yn it easten oan 'e Amerikaanske steat Montana en yn it westen oan 'e steat Washington. Yn it suden sit it fêst oan 'e rest fan Idaho, wylst it yn it noarden in smelle, likernôch 75 km lange grins hat mei de Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. De ynwenners fan dizze panhandle tsjutte harren wenkrite yn 'e regel oan as Noard-Idaho.

De Panhandle fan Idaho omfiemet de tsien noardlikste countys fan Idaho:

Teffens lizze der yn it gebiet 3 Yndianereservaten:

Yn totaal beslacht it gebiet in oerflak fan 54.422½ km², wat delkomt op 25,4% fan it totale grûngebiet fan 'e steat Idaho. Fan dat oerflak bestiet 839,1 km² út wetter. Yn 2010 hie de Panhandle fan Idaho in befolking fan nei skatting likernôch 318.000 minsken, oftewol 20,3% fan 'e befolking fan Idaho as gehiel. De befolkingstichtens leit dêrmei op 5,8 minsken de km². De grutste stêd yn 'e Panhandle fan Idaho is Coeur d'Alene, mei 46.000 ynwenners. Oare wichtige plakken binne Lewiston (37.000), Post Falls (29.000), Moscow (24.000), Hayden (14.000) en Sandpoint (7.400). De krite is lykwols fierhinne oriïntearre op 'e stêd Spokane, dy't krekt oer de grins yn Washington leit.

It grutste part fan 'e Panhandle fan Idaho, de krite benoarden de fan east nei west streamende Salmrivier, heart ta de ta de Pasifyske Tiidsône heart (UTC –8, simmertiid –7), wylst de rest fan Idaho ta de Berchtiidsône (UTC –7, simmertiid –6) heart. De reden foar de ôfwikende tiid yn 'e Panhandle fan Idaho is poer pragmatysk, fanwegen de mannichfâldige kontakten mei Spokane yn Washington, dat ek yn 'e Pasifyske Tiidsône leit. Oant der yn 'e midden fan 'e tweintichste iuw goede autodiken oanlein waarden, bestiene der omreden fan 'e oerdwers fan east nei west rinnende berchrigen gjin goede ferbinings tusken de Panhandle fan Idaho en Súd-Idaho. Dêrfandinne dat de konneksjes mei eastlik Washington (en, yn mindere mjitte, westlik Montana) sa sterk binne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.