Springe nei ynhâld

IJ.V.C.

Ut Wikipedy
IJ.V.C.
Oprjochte26 april 1925
PlakDrylts
SportkompleksDe Utherne
KompetysjeSneons tredde klasse
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Tenu
Webstee IJ.V.C.
offisjele webside

IJVC. (IJlster Voetbal Club) is de fuotbalferiening fan Drylts. De klup is oprjochte op 26 april 1925 en spilet op sportkompleks "De Utherne" oan De Dassenboarch. It tenu fan de klup bestiet út in blau shirt mei ljofts in wite sjerp op it skouder, in wite broek en blauwe sokken.

IJVC spele nei de oprjochting ynearsten yn wite shirts en swarte broekjes, it doarpskafee waard brûkt om om te klaaien. Yn 1932 waard in oare fuotbalklup út Drylts, "Ben Hur", opheft, de leden fan dy klup kamen by IJ.V.C. spyljen.

Yn 1938 soarge de boargemaster Herman Langman foar grutte beroering, om't er it pleatslike kafee ferbea om op sneon iepen te wêzen. Hjirtroch koene de fuotballers har hjir net mear ferklaaie. Gelokkich brocht in hantekeningaksje de boargerheit wer op oare gedachten. Fyftjin jier nei "Ben Hur" treden ek de fuotballers fan "NOC" (Nijesyl Easthim Kombinaasje) ta, ta IJ.V.C..

Yn 1970 waard kantine "It Praathûs" iepene. Acht jier letter ferhuze IJ.V.C. fan de fjilden op It Mientlân nei sportkompleks "de Utherne". Op 1 jannewaris 2009 waard der in gearwurkingsferbân mei Heech oangien om it frouljusfuotbal foar beide ferienings te behâlden. It frouljusteam Heech/IJ.V.C. wie berne. Mei yngong fan it seizoen 2014/2015 is de frouljustak opheft. Trochdat it net langer slagge om genôch froulju byinoar te krijen foar in alvetal.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: