Springe nei ynhâld

Hypnoaze

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hypnoatyske steat)

Hypnoaze, fan it Grykske ὑπνος, hypnos ("sliep"), is in keunstmjittich opwekke trâns, dy't karakterisearre wurdt troch in ferhege fetberens foar suggestje. It byhearrende eigenskipswurd is 'hypnoatysk' en dejinge dy't immen ûnder hypnoaze bringt is de hypnotiseur. Hoewol't de wittenskiplike skiednis fan it gebrûk fan hypnoaze pas yn 'e achttjinde iuw úteinsette mei de Dútske hypnotiseur Franz Anton Mesmer (dêrfandinne it Ingelske tiidwurd to mesmerise), waard de technyk al lang foar dy tiid tapast troch lju dy't harsels 'magiërs' of 'tsjoenders' neamden, en mooglik ek troch genêzers.

Hypnoaze is fral bekend as foarm fan publyk fermaak, fersoarge troch entertainers as Rasti Rostelli, mar it wurdt tsjintwurdich ek brûkt foar psychologyske behannelings. Hoewol't it gjin terapy op himsels is, kin it wol in helpmiddel wêze om terapeutyske doelen te berikken. Yn dat ramt wurdt it û.m. yn hypnoterapy en regresjeterapy tapast. Hypnotiseurs dy't psychologyske behannelings ferrjochtsje, binne dêrta oplaat en folgje in fêste proseduere om 'e geast fan 'e te behanneljen persoan yn in trânseftige steat fan bewustwêzen te bringen wêryn't de pasjint ûntspand is en dochs konsintrearre op in beskaat ûnderwerp. Registrearre patroanen fan harsensweagen toane oan dat immen dy't ûnder hypnoaze is, him yn in tastân befynt dy't de midden hâldt tusken sliepe en wekjen.

Guon saakkundigen binne fan betinken dat der mar ien soarte hypnoaze is, nammentlik selshypnoaze, dat ek wol autosuggestje neamd wurdt. Sels ûnder begelieding fan in hypnotiseur soe it neffens dizze tinkwize de kliïnt wêze dy't sels gewurde lit dat der in steat fan trâns ûntstiet en bestean bliuwt. Oare saakkundigen tinke dat der njonken selshypnoaze wol deeglik ek in opleine foarm fan hypnoaze bestiet. Yn elts gefal besteane der ferskate stadia fan hypnoaze, fan licht (ferlykber mei in sitewaasje wêrby't men sa yn prakkesaasjes fersinkt dat men alles om jin hinne even ferjit) oant tige swier, wêrby't sels in totaal ferlies fan bewustwêzen foarkomme kin. Yn dit ramt is it fan it heechste belang dat de hypnotiseur ynteger is, mei't de pasjint himsels yn prinsipe fierhinne oan sa'n persoan oerleveret.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.