Hynstesport op de Olympyske Simmerspullen 1932
Jump to navigation
Jump to search
De Olympyske Simmerspullen 1932, ek wol de Xe Olympiade neamd waarden yn 1932 yn Los Angeles, Feriene Steaten hâlden. De hynstesport waard hâlden yn de Riviera Country Club. en yn it Los Angeles Memorial Coliseum.
Ynhâld
Lokaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Los Angeles Memorial Coliseum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It stadion waard yn 1921 boud as monumint ta oantinken fan de slachtoffers fan de Earste Wrâldkriich it waard iepene yn 1923. It hie plak foar 75,144 taskôgers foar de Olympyske Simmerspullen fan 1932 waard it tal plakken foar taskôgers opskroeft ta 101,574. Ek krige it foar dizze spullen syn Olympyske fakkel.
Riviera Country Club[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Riviera Country Club is yn 1926 oprjochte as golfbaan mar tidens de Spullen fan 1932 hiene hjir it Olympyske dreseur toernoai plak. Der wie plak foar 9,500 taskôgers.