Lindenoard

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Huzinge Lindenoard)
Lindenoard

Huzinge Lindenoard is in state yn Wolvegea yn de gemeente Weststellingwerf.

De state bestie yn elk gefal yn de 17e iuw. Yn it lêst fan de 17e iuw kaam it al earder boude hûs yn besit fan de earste grytman fan Weststellingwerf Ernst fan Haren (1623-1701). Troch fererving bleau it pân de 18e iuw yn besit fan de famylje.

In print fan Stellingwerf út 1723 toant de state yn de 17e iuw. Yn 1728 wurdt it ôfbrutsen en ferfongen troch in nij gebou dat yn 1733 klear is. Yn 1742 wurdt de ferbanne steatsman út Hollân, grytman Onno Zwier fan Haren, eigener. Dy makke gedichten en skreau toanielstikken en lei east fan de state in iepenloftteater oan.

Yn 1776 baarnt Lindenoard ôf. Yn 1780 wurdt it hjoeddeiske gebou mei twa legere bygebouwen yn de saneamde Louis XVI-styl oplutsen. Yn 1855 kaam it yn besit fan mr. S. G. Manger Cats. Hy hat yn de jierren dêrnei in soad oan it gebou 'modernisearre'. Sa sille doe grif de hjoeddeiske empire-finsters oanbrocht wêze. By de restauraasje yn 1977 waard efter in betimmering yn it rjochter bygebou it jiertal 1856 oantroffen. Boppedat blykte yn dit gedielte fan it bygebou in 18e-iuwske keuken sitten te hawwen.

Yn 1908 wurdt de state publyk ferkocht. Yn dat jier wurde de stâlen oan de linker side hielendal en oan de rjochter side foar in part sloopt. Sûnt 1939 is de gemeente eigener. Binnenyn sit noch in stúkte souder yn de seal yn de Louis XVI-styl. Yn it sûterrên sit noch de 18e-iuwske keuken, dy't tydlik as fytsestalling brûkt west hat.

In groep foaroansteande Wolvegeasters wie ôfbraak foarkomme en rjochte yn 2010 de wurkgroep "Behoud Huize Lindenoord" op, liet fiifhûndert minsken in petysje ûndertekenje en fûn in keaper: de Stichting Staten en Stinzen.

Underwiiskûpel Comperio hiert it pân fan 1 jannewaris 2014 ôf.[1]

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • .. - 1701 Ernst fan Haren
  • famylje Fan Haren
  • 1742 Onno Zwier fan Haren
  • grevinne Madeion fan Hohenlohe, berne fan Haren
  • 1855 mr. S. G. Manger Cats
  • 1939 gemeente WestStellingwerf

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Aardrijkskundig Woordenboek fan Van der Aa
  • Langs stinsen, states en andere voorname huizen in Friesland, 1979

---

  1. Archief Leeuwarder Courant Budget voor renovatie van Huize Lindenoord