Huygens Ynstitút
It Huygens Institút foar Nederlânske Skiednis en Kultuer is in wittenskaplik ûndersyksynstitút fan de Keninklike Nederlânske Akademy foar Wittenskippen (KNAW), oprjochte op 1 jannewaris 2011. It ynstitút ûndersiket teksten en boarnen út it ferline fan Nederlân en ûntwikkelet dêrfoar kompjûtermetoaden en -techniken. It is ferneamd nei de 17e-iuwske steatsman en dichter Constantijn Huygens en syn soan, de wittenskipper, natuerkundige en stjerrekundige Christiaan Huygens.
It ynstitút is mei sa'n hûndert meiwurkers it grutste geasteswittenskiplik ûndersyksynstitút fan Nederlân. Dizze ûndersikers hawwe in ferskillende eftergrûn en wurkje faak gear mei universiteiten. It Huygens ING is ûntstien út in gearfoeging fan it Huygens Institút (ûnderdiel fan de KNAW) en it Institút foar Nederlânske Skiednis (fan de NWO). It ynstitút wie tusken 2011 en 2016 fêstige yn it gebou fan de Keninklike Bibleteek yn Den Haach. Sûnt oktober 2016 is it Huygens Institút, tegearre mei it Meertens Instituut, húsfêste yn it Spinhuis yn Amsterdam.
It Huygens Ynstitút richt him foaral op in wittenskiplik publyk, mar hat ek ta doel om de algemiene ynteresse foar it Nederlânske literêre en yntellektuele erfgoed libbend ta hâlden. Dêrby wurd yn tanimmende mate gebrûk makke fan digitale ûntslútingsmetoaden.
It ynstitút verient mear as tritich ûndersikers fan ferskate eftergrûnen, sa as latinisten, neerlandici, wittenskipsskiedkundigen en editeurs, faak yn gearwurking mei universiteiten.