Springe nei ynhâld

Houthakkersfeest (Lage Vuursche)

Ut Wikipedy
Seagje
Boskhynder
Skulptuerseagje

It houthakkersfeest is in evenemint dat yn Lage Vuursche hâlden wurdt wêrby't de bosk sintraal stiet. Ek binne der diskes fan ûnder oare Steatsboskbehear, wedstriden mei Jack Russels.

It lytse 'pankoekdoarp' Lage Vuursche (der binne in soad pankoekrestaurants), leit middenyn de bosken en lûkt in soad toeristen. It tal rekreanten waard hieltiten grutter, mar it begryp fan de rekreanten foar boskbehear waard lytser. Om de ferhâlding mei it doarp en de omjouwing te ferbetterjen wie yn 1984 reden om in Vuursche Oranje Festival op te setten. It feest moast in binend elemint mei regionale betsjutting wurde. Ludike aktiviteiten as in horeka-puzelsirkwy en in jazzfeest joegen net in link mei de bosk.

Omdat yn Raalte yn Sallân it Rispfeest Stoppelhaene fierd wurdt waard yn de Vuursche de link nei it 'rispjen' fan de bosk lein: in bosk levert hout, houtprodukten en beammen en troch de kombinaasje mei pankoeken ûntstie de opset foar it Houthakkersfeest. De brânwar, steatsboskbehear, natoerferienings en houthannels ferlienden meiwurking. Aktiviteiten mei houtslepen mei Belgyske hynders en houtbewurkjen waarden ta wedstriid makke. Dielnimmers moatte bygelyks om it hurdst in beam omkappe of in figuer út in beamstamme seagje mei in motorsage (skulptuerseagje). De bosk om Lage Vuursche hat ek omtinken nedich, om de kondysje fan de bosk foar de takomst op peil te hâlden. It útlizzen fan it boskbehear wurdt dy deis dan ek dien. Yn it tsiende jier waard it feest ferpleatst fan de buorren nei deicamping de Kûle fan Drakestein. De prizen fan houtseach- en kapwedstriden waarden geandewei grutter en de organisaasje profesjoneler. By it 25e Houthakkersfeest yn 2010 waarden demonstraasjes jûn mei skieppekuddes en koenen besikers út in 'beam' wei de natoer belibje en wienen de aktiviteiten foar bern.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: