Hornslet
Appearance
Hornslet | ||
Tsjerke | ||
Bestjoer | ||
Lân | Denemark | |
regio | Midden-Jutlân | |
gemeente | Syddjurs | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 6.328 (2023) | |
Oar | ||
Koördinaten | 56° 18' N 10° 19' E | |
Offisjele webside | ||
hornslet-guiden.dk | ||
Kaart | ||
Hornslet is in plak yn 'e Deenske regio Midden-Jutlân, gemeente Syddjurs. It plak hat 6.328 ynwenners (2023).
Oant 2007 wie Hornslet it haadplak fan 'e eardere gemeente Rosenholm. Noardlik fan it plak leit it Slot Rosenholm.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke fan Horslet leit súdeastlik fan 'e kearn en waard foar it grutste part yn 'e 12e iuw boud. Al sûnt 800-900 stie der in houten tsjerke op it plak.
Op 5 maaie 1946 waard in monumint oprjochte ta neitins fan fiif fan nazy's eksekutearre fersetsminsken út Hornslet. De fersetsgroep wurke ûnder de namme Hornsletgruppen. Op 13 jannewaris 1944 makke de Gestapo mei help fan in Deenske ferrieder in ein oan de groep.
Likernôch 2 km noardlik fan Hornslet stiet it renêssânseslot Rosenholm.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hornslet fan Wikimedia Commons. |