Hoofdstraattsjerke (Hoogeveen)
Hoofdstraattsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
plak | Hoogeveen | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1904 | |
arsjitekt | K. en G. Hoekzema, Grins | |
boustyl | Eklektisisme | |
offisjele webside | ||
Side fan Hoofdstraattsjerke |
De Hoofdstraattsjerke is in tsjerkegebou fan de PKN-gemeente yn Hoogeveen. De tsjerke stiet oan de Hoofdstraat en wurdt dêrom sa neamd.
Gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kristlike Ofskieden Gemeente fan Hoogeveen waard op 25 maart 1835 ynstituearre. Hja bouden yn 1841 op it plak fan de hjoeddeiske Hoofdstraattsjerke in tsjerke, dy't al gau fergrutte wurde moast en doe 1.600 sitplakken telde. De twadde úttocht fan rjochtsinnich herfoarmen fûn plak op 10 augustus 1887, doe't de Nederdútske Grifformearde Tsjerke fan Hoogeveen ûntstie. Hja bouden oan de westlike kant fan de Hoofdstraat foar likernôch 800 leden in eigen tsjerke, dy't de namme Westertsjerke krige.
Letter as op oare plakken yn it lân fusearren de ôfskieden tsjerke en de dolearjende tsjerke yn Hoogeveen op 25 april 1899. De tsjerke fan 1841 moast ôfbrutsen wurde om plak te meitsjen foar in grutter gebou, de hjoeddeiske Hoofdstraattsjerke. De Westertsjerke krige in net-tsjerklike funksje en baarnde yn 1948 ôf. In relatyf grut tal leden fan de út 1834 ôfskieden tsjerke, likernôch 200, wegere mei te gean yn de nije Grifformearde Tsjerke en stiften in eigen Kristlike Grifformearde gemeente. Hja lieten yn 1906 oan de Van Echtenstraat in eigen tsjerke bouwe, dêr't de tsjerke noch jimmeroan stiet.
Op 6 jannewaris 2013 fusearre de Grifformearde Tsjerke fan Hoogeveen offisjeel mei de Herfoarme Gemeente fan Hoogeveen. De Hoofdstraattsjerke is ien fan de fiif tsjerken fan de PKN yn Hoogeveen.
Skiednis gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard yn 1904 op it plak fan de tsjerke út 1841 as grifformearde tsjerke boud. Ynearsten krige de tsjerke de namme Eastertsjerke, om't de tsjerke oan de eastlike kant fan de Hoofdstraat stie. De jiertallen yn de gevel fan de tsjerke ferwize nei de Ofskieding fan 1834 en de Doleânsje fan 1886.
Yn 1964 folge in foarse ferbouwing fan de tsjerke. De hiele ynrjochting krige in oare oriïntaasje. In nije ferbouwing folge yn 2008, werby't de preekstoel nei it midden fan de tsjerke ferhûze en it tal sitplakken nei 650 werom brocht waard .
Troch it yn 1989 ôfbrekken fan de gebouwen oan de foarkant fan de tsjerke ûntstie in plein, sadat de monumintaliteit fan it gebou tsjintwurdich better ta syn rjocht komt.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel fan de Hoofdstraattsjerke waard yn 1905 troch Jan Proper yn de nije tsjerke boud. It hie earder yn de Dútsk-Lutherske tsjerke fan Antwerpen stien en wie dêr yn 1846 boud troch Bernard Dreymann. It oargel waard mei help fan Hindrik Bos út Wildervank oankocht, telch fan in rike famylje, dy't tige goederjouwsk wie en ek bygelyks de monumintale Nije Sudertsjerke yn Rotterdam bouwe liet en dy tsjerke it grutste oargel skonk, dat ea yn in grifformearde tsjerke stien hat. De firma Reil wreide it ynstrumint yn 1952 út mei in tredde manuaal.
Yn it ramt fan de modernisearing yn de jierren 1960 boude G.A.C. de Graaf in hiel nij oargel yn in nije oargelkas. Fan it âlde oargel waarden allinne de Subbas 16', Salicional 8' en de Super-octave 2' oernommen. In oargel waard yn 2000 troch Pels en van Leeuwen restaurearre.[1] It oargel hat 33 registers ferdield oer haadwurk, Rêchwurk, Boppewurk en Pedaal en waard rekkene ta de grutste oargels fan de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|