Honfleur
Appearance
| Honfleur | ||
| Haven fan Honfleur | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Regio | Normandje | |
| Departemint | Calvados | |
| Arrondissemint | Lisieux | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 6.640 (2023)[1] | |
| Oerflak | 13,67 km² | |
| Befolkingsticht. | 485,7 ynw./km² | |
| Hichte | 0-117 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 14600 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Koördinaten | 49° 25' N 0° 13' E | |
| Offisjele webside | ||
| www.ville-honfleur.com | ||
| Kaart | ||
Honfleur leit oan 'e lofter en súdlike kant fan 'e mûning fan 'e Seine yn it Frânske departemint Calvados yn Normandje. Oan 'e oare kant fan 'e Seine leit Le Havre, mar oars as dy stêd hat Honfleur syn âlde karakter goed bewarre. It plak leit skildereftich om le Vieux Bassin, de haven, dy't omfieme wurdt mei hege mei griisblauwe laaistien oerdutsen hûzen. De ynwenners neame harrensels Honfleurais.
It plak is skildere troch ferneamde impresjonisten, lykas Gustave Courbet, Eugène Boudin, Claude Monet en Johan Barthold Jongkind, dy't de école de Honfleur foarmen, dy't bydroech oan 'e opgong fan 'e impresjonistyske beweging. Honfleur hat in soad keunstgaleryen.
Untwikkeling befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | 1962 | 1968 | 1975 | 1982 | 1990 | 1999 | 2009 | 2018 |
| Ynwennertal | 9.141 | 9.292 | 9.188 | 8.495 | 8.272 | 8.178 | 8.163 | 7.138 |
| Boarnen: Cassini en INSEE | ||||||||
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- De twaskippige Sint-Katarinatsjerke (Église Saint-Catherine) datearret fan 'e 15e iuw en is de grutste houten tsjerke fan Frankryk. De tsjerke hat in frijsteande klokketoer.
- De Sint-Leonardustsjerke (Église Saint-Léonard)
- De Sint-Stefanustsjerke (Église Saint-Etienne), tsjintwurdich museum
- De Lieutenance waard yn 'e 16e iuw boud foar de gûverneur fan Honfleur. Ien fan 'e stedspoarten, de Porte de Caen, is yntegrearre yn it gebou.
- Bûten it sintrum: Côte de Grace mei in moai útsicht oer de baai en de 17e-iuwske Us-Leaffrouwe fan de Genedekapel.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Musées du Vieux Honfleur (Musée de la Marine en Musée d'ethnographie et d'art populaire)
- Musée Eugène-Boudin
- Maison Satie
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Alexandre Exquemelin (± 1645 - ± 1707), 17e-iuwske seerôver
- Eugène Boudin (1824-1898), keunstskilder
- Albert Sorel (1842-1906), skiedkundige
- Alphonse Allais (1854-1905), skriuwer
- Henri de Régnier (1864-1936), dichter
- Erik Satie (1866-1925), komponist en pianist
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sint-Katarinatsjerke
- Kaai mei Sint-Egidiustsjerke
- Hôtel de Ville
- Rue de la Bavole
- Bûtenhaven
- Us-Leaffrouwe fan 'e Genedekapel
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
