Springe nei ynhâld

Homoseksualiteit

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Homoseksueel)
Homopear
Jongfeinten hawwe wille mei-elkoar — Sjina, Tsj'ing-dynasty, ein 19e iuw

Homoseksualiteit is in seksueel aard mei as skaaimerk in foarkar foar persoanen fan deselde sekse[1](ὅμοιος, (homoios) is Gryksk foar gelyk). Minsken mei dizze seksuele foarkar wurde homoseksueel neamd. In frou mei romantyske of seksuele foarkar foar froulju wurdt ek wol lesbysk neamd. De term homoseksualiteit wurdt ek brûkt foar seksueel hâlden en dragen tusken minsken fan deselde sekse.

It wurd 'homoseksueel' waard betocht troch de Hongaarske sjoernalist Karl Maria Kertbeny, en foar it earst troch him brûkt yn 1869.

It langstme fan in man of frou nei immen fan itselde geslacht, dat net spesjaal seksueel hanneljen hoecht te betsjutten, wurdt wol homofily neamd. Immen dy't sosjaal kontakt mei persoanen fan itselde geslacht it leafst hat, wurdt homososjaal neamd.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bartels, Thijs & Versteegen, Jos (red.), Homo-ensyklopedy fan Nederlân, 2005, s. 77
  • Hekma, Gert (2004) Homoseksualiteit in Nederland van 1730 tot de moderne tijd. Amsterdam: Meulenhof