Springe nei ynhâld

Holdingastate (Feinsum)

Ut Wikipedy
Holdingastate yn Feinsum

De Holdingastate wie in state by Feinsum, gemeente Ljouwerteradiel (Noard), sa'n 200 meter bewesten de tsjerke.

Oer it boujier is neat bekend, der binne ek gjin tekeningen fa. Yn Feinsum wennen de Holdinga’s, troch abt Sibrandus Leo “Holling” neamd. Yn 1511 betrof dat Wiffka Hollingen. Om 1640 is de state eigendom fan Gratiana fan Holdinga, widdo fan Hugo Ruisch dy't riedshear wie yn it Hof fan Utert. Yn de tsjerke fan Feinsum leit in mânske sark fan 5500 kilo wêrûnder in augustus 1912 in grêfkelder fûn waard dy't letter folstoarten is. Op de sark steane in tal namen fan Holdinga’s lykas Jan fan Holdinga dy't yn 1581 op 23-jierrige leeftiid stoar, trije bern fan Fredrich van Grovesteyn en Gratiana van Holdinga syn wyf binne yn de kelder bysetten, jonker Tjaard fan Holdinga dy't yn de âldens fan 50 jier stoar yn 1569 en ek syn frou Anna van Wnnama dy't yn 1585 stoar is der op fermeld. De measten fan harren hawwe grif op Holdingastate wenne.

Yn 1723 wurdt hjir jonkhear Allard fan Boerum as eigener neamd en ek al yn it Floreenkohier fan 1700 stiet hy registrearre as eigener èn brûker. Neffens it Floreenkohier fan Stiens wie hy yn 1700 ek eigener en brûker fan it tichtbylizzende Mellingastate dat op it grûngebiet fan Stiens lei. Mar fan 1705 - 1722 wenne hy op Osingastate yn Langwar doe't hy grytman wie fan Doanjewerstâl.

Yn 1761 waard it 8 pûnsmiet grutte hôf fan Holdingastate dêr't in ferskaat oan fruchtbeammen stie, te hier oanbean. Ek yn 1764 biede de destiidske eigeneresse, douairière Fan Heemstra it hôf wer te hier oan. Op 31 oktober fan datselde jier wurde der Groot-Holdingastate en grut iantal iperenbeammen, esken, abelen, elzen en wylgen ferkocht. Op 21 augustus 1771 waard it hôf fan Holdingastate ferkocht.

Oft it hûs der doe noch stie of dat fuort dêrnei de slopershammer syn wurk dien hat is net bekend. De “Tegenwoordige Staat” fermeldt yn elk gefal om 1785 “...alhier stond weleer de heerlijkheid Holdinga,...”

  • 1511 Wiffka Hollingen
  • 1640 Gratiana fan Holdinga
  • 1723 Jhr. Allard fan Boerum
  • 1764 widdo Fan Heemstra

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Tegenwoordige Staat der Vereenigde Nederlanden; veertiende deel; vervattende het vervolg der beschryving van Friesland, 1786
  • Ljouwerteradiel troch G. Abma, 1984
  • Prekadastrale Atlas fan Fryslân, J.A. Mol en P.N. Noomen, 2002
  • De historie gaat door het eigen dorp, A. Algra