Hoi
Appearance
Hoi is in koarte groet. De groet wurdt brûkt by minsken dy't inoar foarbykomme, dy't inoar moetsje, of dy't ôfskie faninoar nimme. Fan âlds wie it in ynformele foarm fan begroeting, dy't mei goed fatsoen inkeld tusken freonen, famyljeleden fan deselde leeftyd en kunde fan deselde leeftyd brûkt wurde koe. It wie bgl. net de bedoeling dat bern "hoi" seine tsjin folwoeksenen, útsein mooglik heit en mem. Tsjintwurdich wurdt dizze groet ornaris foar eltse sitewaasje gaadlik achte.
Wêr't it wurd krekt fuortkomt is net dúdlik. Der wurdt wol tocht oan in ferzje fan goeie, mar it falt op dat yn bygelyks it Plat it wurd moi hast deselde betsjutting en útspraak hat.