Springe nei ynhâld

Hofmeier

Ut Wikipedy

Hofmeier is in titel dy't foaral wichtich wie yn it begjin fan de Midsiuwen. In oare namme is Majordomo. Dy titel wie foaral yn swang yn de Frankyske keninkriken fan 'e 7e en 8e iuw.

De hofmeier wie oarspronklik de persoan dy't de hofhâlding fan de Merovingyske foarsten behearde. Troch it tanimmende tal swakke en jonge foarsten op 'e troan oan it ein fan it Merovingyske tiidrek, seagen de hofmeiers kâns harren macht te fergrutsjen. Sy namen dy sa stadichoan oer wêrtroch ferskate konflikten ûntstienen. Der wie úteinlik ien famylje fan hofmeiers dy't de macht fan de Merovingers oernaam. Dy famylje waard de Pippyniden (letter Karolingers) neamd. Dêrop folgde de foarfêste machtsoername fan Pippyn de Koarte yn 751 troch de erkenning fan de paus.