Springe nei ynhâld

Hoarsewei

Ut Wikipedy

De Hoarsewei is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De feart ferbynt it Stobberak mei de Jurjensleat besuden Twellingea.

De namme Hoarsewei jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Horseweg.