Hindrik Kasimir I fan Nassau-Dietz
Hindrik Kasimir I (Arnhim, 31 jannewaris of 10 febrewaris 1612 – Hulst, 12 of 22 july 1640) wie greve fan Nassau-Dietz en steedhâlder fan Fryslân, Grinslân en Drinte fan 1632 ôf oant syn dea. Hy wie opfolger fan syn heit Ernst Kasimir, dy't sneuvele yn de Slach by Roermond.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under it bewâld fan Hindrik Kasimir gong it Fryslân ekonomysk foar de wyn. Polityk sjoen hie Hindrik Kasimir net folle yn te bringen: hy krige in beheinde ynstruksje en wie foaral in bestjoerlik amtner. It wantrouwen tsjin de steedhâlder en de lokale machthawwers boaze oan troch de ferdieling fan de oarlochslêsten.
Yn 1635 stjoerden njoggen Fryske stêden de troch de steedhâlder beneamde froedskipsleden fuort. Sy woenen krektas Frjentsjer en Ljouwert in frije riedsbestelling. De broer fan de 17e histoarikus Lieuwe van Aitzema spile hjiryn in wichtige rol as boargemaster fan Dokkum. Op 5 novimber 1637 waarden de saken werom draaid, neidat de steedhâlder drige om Harns te besetten. Inkeld troch militêr yngripen en tuskenbeide kommen fan de Steatsrie yn 1637 slagge it om de rest yn Fryslân werom te krijen. Ferfolgens waarden foar eltse stêd regeringsregleminten opsteld, dy't bleaunen oant 1748.
Hindrik Kasimir wie in betûft militêr, dy't net opfoel. As Fryske steedhâlder mocht er net op eigen gesach it leger ferpleatste. Hy wie belutsen by de oermastering fan Breda yn 1638, tegearre mei steedhâlder Freark Hindrik. Op 12 july 1640 rekke hy ferwûne yn Sint Jansteen by de Slach by Hulst. De folgjende dei ferstoar hy oan syn ferwûnings. Hindrik Kasimir leit begroeven yn Ljouwert.
Hindrik Kasimir wie net troud en hie gjin bern. Hy waard as steedhâlder yn Fryslân opfolge troch syn broer Willem Freark.
Boarne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Plaat, G. van der (2003) Eendracht als opdracht. Lieuwe van Aitzema’s bijdrage aan het publieke debat in de zeventiende-eeuwse Republiek, p. 134-9.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Greve fan Nassau-Dietz
- Greve fan Katzenelnbogen
- Baron fan Beilstein
- Steedhâlder fan Fryslân
- Steedhâlder fan Grinslân
- Steedhâlder fan Drinte
- Dútsk generaal
- Dútsk politikus
- Dútske adel
- Frysk generaal
- Frysk politikus
- Fryske adel
- Steatsk militêr yn de Tachtichjierrige Oarloch
- Persoan dy't omkommen is yn in oarlochssitewaasje op lân
- Dútsk persoan fan Deensk komôf
- Dútsk persoan fan Eastenryksk komôf
- Dútsk persoan fan Litousk komôf
- Dútsk persoan fan Nederlânsk komôf
- Dútsk persoan fan Poalsk komôf
- Frysk persoan fan Deensk komôf
- Frysk persoan fan Dútsk komôf
- Frysk persoan fan Eastenryksk komôf
- Frysk persoan fan Litousk komôf
- Frysk persoan fan Nederlânsk komôf
- Frysk persoan fan Poalsk komôf
- Hûs Nassau-Dietz
- Persoan berne yn 1612
- Persoan stoarn yn 1640