Himelfearttsjerke (Jekaterineburch)
Himelfearttsjerke
Вознесенская церковь | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
Op de foargrûn de Himelfearttsjerke, op de eftergrûn de Bloedtsjerke | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
oblast | ![]() | |
plak | ![]() | |
koördinaten | 56° 50' N 60° 36' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1792-1818 | |
boustyl | Barok, klassisisme | |
monumintale status | Kultureel monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 6610019000 | |
offisjele webside | ||
voznesenka.cerkov.ru |
De Tsjerke fan de Himelfeart fan Kristus (Russysk: Вознесенская церковь; Voznesenskaja tsjerkov) is ien fan de âldste otterdokske tsjerken yn de Russyske stêd Jekaterineburch.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De earste Himelfearttsjerke waard yn maaie 1770 boud en op 19 septimber fan itselde jier ynwijd. Dizze earste tsjerke wie in tige lytse houten konstruksje. It timpeltsje rekke al yn 1789 boufallich en op fersyk fan de parochy waard doe besletten in stiennen tsjerke fan twa ferdjippings te bouwen. Dat fûn syn beslach tusken 1792 en 1818.
De ûnder- of simmertsjerke waard wijd oan de Berte fan de Hillige Jongfaam Marije en de boppe- of wintertsjerke oan de Himelfeart fan de Hear. De tsjerke waard yn de 19e iuw ferboud en útwreide mei kappellen oan de súdlike en noardlike kant en yn it begjin fan de 20e iuw telde de tsjerke al seis kapellen.
Yn 1926 moast de tsjerke fan de nije autoriteiten de doarren slute en waard der yn it gebou in skoalle en dêrnei in museum fêstige.
Op 16 novimber 1990 naam it stedsbestjoer it beslut om de tsjerke werom te jaan oan de rjochtmjittige eigner en op 15 febrewaris 1991 koe der foar it earst sûnt lange tiid wer in tsjerketsjinst fierd wurde. Sûnt 1995 wie de Kazankapel tydlik yn gebrûk troch de mienskip fan de Aldleauwenden. De tsjerke ûndergyng yn dy tiid in grutte restauraasje. De oarspronklike dekoraasjes en de ikonostaze oerlibben de Sovjet-tiid net en moasten ferfongen wurde.
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Храм Вознесения Господня (Екатеринбург)
|