Himelfeartkatedraal (Uljanovsk)

Ut Wikipedy
Himelfeartkatedraal
Свя́то-Вознесе́нский собо́р
Lokaasje
lân Ruslân
oblast Uljanovsk
plak Uljanovsk
koördinaten 54° 18' N 48° 22' E
Arsjitektuer
arsjitekt Aleksandr Varjûchin
boujier 1994-2015
boustyl neobarok
Webside
cerkov.ru
Kaart
Himelfeartkatedraal (Ruslân)
Himelfeartkatedraal

De Himelfeartkatedraal (Russysk: Спасо-Вознесенский кафедральный собор; Spaso-Voznesenski Kafedralny sobor) is in otterdokse katedraal yn Uljanovsk (eartiids Simbirsk), Ruslân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de oprjochting fan it bisdom Uljanovsk waard it yn 'e jierren 1990 needsaaklik in nije katedraal te bouwen. It wie de fraach of de yn 'e jierren 1930 ferneatige Himelfeartkatedraal werboud wurde moast, mar om ferskate redenen waard der keazen foar in oar ûntwerp op in oar plak. Nei in jiermennich fan tariedings waard yn 1997 mei de bou útein set. In jier letter moast it wurk lykwols troch de finansjele krisis yn Ruslân dellein wurde, mar yn 2006 waard de bou wer mei faasje oppakt.

De Alderheljentsjerke (1995-1996).

Op 7 jannewaris 2015 waard de earste tsjinst yn 'e katedraal fierd. De offisjele iepening fan 'e katedraal wie op 21 maaie 2015 yn bywêzigens fan patriarch Kirill op it stuit dat dy in besite oan it bisdom brocht. De patriarch joech de tsjerke in ikoan fan 'e Matrona fan Moskou.

De yn barokke styl boude tsjerke is yn helder blauwe kleuren ferve. Yn it gebou is romte foar 2.000 leauwenden.

By de katedraal stiet ek de yn 1995-1996 troch Aleksandr Varjûchin boude Alderheljentsjerke (Всехсвятская церковь; Vsechsvjatskaja tserkov) en it biskoplik bestjoerssintrum. Yn 'e tún binne acht plakettes te sjen mei de bas-reliefs fan yn 'e Sovjet-tiid ferneatige tsjerken fan it bisdom. Yn novimber 2014 waard in byld ûntbleate fan Andrej fan Simbirsk, ien fan 'e meast fereare lokale hilligen yn 'e omkriten fan Uljanovsk. It kompleks wurdt noch oanfolle mei in dooptsjerke, in skoalle en in biskoplik museum.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Спасо-Вознесенский собор (Ульяновск)