Hillich Patriargale Kleaster fan Us-Leaffrouwe fan Saidnaya
Us-Leaffrouwe fan Saidnaya
صيدنايا | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Syrje | |
Gûvernemint | Rif Dimashq | |
plak | Saidnaya | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Kleaster | |
boujier | 6e iuw |
It Hillich Patriargale Kleaster fan Us-Leaffrouwe fan Saidnaya (Arabysk: صيدنايا), is in gryksk-otterdoksk kleaster yn it kristlike plak Saidnaya yn Syrje. It is ien fan de âldste kleasters fan 'e wrâld en wurdt bewenne troch nonnen. Njonken kristenen pylgerje ek moslims nei it kleaster, dêr't in Marije-ikoan fereare wurdt dat oan de evangelist Lukas taskreaun wurdt. It kleaster falt ûnder it Otterdokske Patriargaat fan Antiochje.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keizer Justinianus I liet it foltôge kleaster wije oan it feest fan de Berte fan Marije. Fanôf dat stuit kamen alle jierren op 8 septimber kristlike pylgers nei it kleaster om Us-Leaffrouwe fan Saidnaya te earen.
Yn de Syryske Boargerkriich waard it kleaster skansearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De haadkapel is dekorearre mei in grut tal ikoanen en foar it alter stiet in houten ikonostase. It wichtichste hillichdom fan it kleaster is it ikoan fan de Mem Gods fan Saidnaya. it soe ien fan de fjouwer ikoanen wêze dy't troch de evangelist Lukas skildere is. It kaam yn de 8e iuw nei it kleaster en wurdt bewarre yn in aparte kapel yn in nis achter in sulveren doar. It ikoan, dat de namme Shaghoura ("de Ferneamde") draacht, is sels net te besjen. Oan wjerskanten fan de nis hingje rigen fan ikoanen út in lettere tiid. In grut tal krusen mei sulverbeslach en oare religieuze symboalen hingje as ex-voto's oan de muorren.
Leginde
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de tradysje waard it kleaster yn 547 yn opdracht fan de Byzantynske keizer Justinianus I boud. De keizer wie op fjldtocht tsjin de Perzen (in oare ferzje wol ha dat er op pylgerstocht nei Jeruzalim gyng). Doe't er op jacht in moaie gazelle achternei siet en op in berch klom, seach er yn in grut ljocht in frou dy't him sei: "Wa jagest dû op? Wolstû op de Mem Gods sjitte, dy't in foarspraak is foar de minsken? It is de godlike Foarsjennichheid dy't dy hjir brocht! Op dit plak moast my in stee jaan te wenjen".
Doe't er fan de berch werom kaam liet er in bouplan opstelle, mar syn boufolk einen neat en neffens de leginde ferskynde de Mem Gods doe op 'e nij oan de keizer. No liet hja him ek it ûntwerp fan it kleaster sjen. Justitianus sette útein mei de útfiering fan dat ûntwerp, dat de basis waard fan it hjoeddeiske kleasterkompleks.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|