Springe nei ynhâld

Hilda Kanselaar

Ut Wikipedy

Hildebranda (Hilda) Kanselaar-de Vries (Snits, 1950) is in Nederlânskske byldhouwer en skilder fan Frysk komôf.[1]

Kanselaar is in dochter fan de skilder Sjoerd de Vries (1909-1996), har mem wie huoddemakster. Se waard oplaat oan de Akademy Vredeman de Vries yn Ljouwert, ôfdieling Monumintale Foarmjouwing.[2] Yn 1988 studearre se ôf oan de learare-oplieding handvaardigheid en tekenjen; dêrnei waard se learares yn it fuortset ûnderwiis.[3] Kanselaar is aktyf as monumintaal keunstnares.

Kanselaar foarme goed tsien jier in keunstnersduo mei Rijna Makkinga (1961). Tegearre makken se ûnder oaren de wurken Pilaren en De tol (1998) foar de gemeente Dongeradiel, as part fan in stedsfernijingsprojekt yn Dokkum, dêr't fia keunstwurken de skiednis fan de stêd sjen litten wurdt. Oare meidoggers oan dat projekt wiene it duo Groenewoud/Buij en Gerrit Terpstra.[4]

Drie badpakken
  • 1989: gevelskildering, Snits
  • 1990: wetterpiramide, Snits
  • 1991: D.E.Bank, De Jouwer
  • 1993: Krusende silen, Aldtsjerk
  • 1994: keramyske wurken foar it Antonius Sikehûs, Snits
  • 1997: Smoelenpalen, Drachten
  • 2011: sûnder titel, by OBS De Ynset, Rottum
Mei Rijna Makkinga
  • 1996: Spiegelbeelden, Frjentsjer
  • 1997: It Bûter Fabryk, Aldegea
  • 1998: De Waver, Boalsert
  • 1998: Pilaren en De tol, Dokkum
  • 2000: Negen kokkels, Lelystêd
  • 2001: Drie badpakken, Burgum
  • 2004: Het wachtershuisje, Nijhoarne
  • 2008: Droge voeten, Rutten

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. RKD
  2. P.M.J. Jacobs (1993) Beeldend Nederland : biografisch handboek. Tilburg: Utjouwerij drs. P.M.J. Jacobs BV. Vol 1, s. 585. ISBN 9080106313
  3. Flevoland Erfgoed: De negen kokkels
  4. "Kunstenaars laten historie Dokkum leven", Ljouwerter Krante, 14 maaie 1996.