Hilbrand Boschma
Hilbrand Boschma (Ysbrechtum (doe noch Wymbritseradiel), 22 april 1893 - Leien, 22 july 1976) wie in Nederlânsk soölooch, heechlearaar yn de systematyske dierkunde oan de Ryksuniversiteit Leien en direkteur fan it Ryksmuseum fan Natuerlike Histoary yn Leien.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hilbrand wie in boeresoan en bezocht de HBS yn Snits. Nei't er steatseksamen foar klassike talen dien hie waard er op de universiteit talitten en studearre er biology oan de Universiteit fan Amsterdam. Yn 1919 die er syn doktoraaleksamen en skraachwurk in jier letter promovearre er op it anatomysk ûnderwerp Das Halsskelet der Krokodile.
Yn 1920 ferfear er nei Nederlânsk-Ynje en gie oan 't wurk op it Treublaboratoarium, in ûnderdiel fan 's Lands Plantentuin Buitenzorg (Bogor). Yn 1922 wie er al werom yn Nederlân en krige er in assistintskip oan it Soötomysk Laboratoarium yn Leien.
Yn 1931 waard er beneamd ta heechlearaar yn de soölogy en yn folge Eduard Daniël van Oort op as direkteur fan it Ryksmuseum fan Natuerlike Histoary. Al syn foargongers wiene saakkundigen op it mêd fan wringedieren west, faak fûgels. Boschma wie lykwols spesjalisearre yn de net-wringedieren, sa as hydroïdpolipen en blomdieren en dêryn fral de Scleractinia of stienkoralen, dy't er ûnder mear samle hie op de Siboga-ekspedysje. In grut tal soarten waard troch him beskreaun, bygelyks Millepora tenera.
Boschma syn styl fan bestjoeren wie ûnotterdoksk en net-burokratysk en syn personiel mocht him graach lije. Hy kaam ynternasjonaal op in goede namme te stean en dat hie syn wjerslach op it museum. Boschma hie in protte earelidmaatskipppen fan wittenskiplike ferieningen. Hy wie lid fan de KNAW en fan it Permaninte Kommitee fan de Ynternasjonale Soölogyske Kongressen en hy wie Foreign Fellow fan de Zoological Society of London, earelid fan de Société Zoologique de France en de Ynternasjonale Kommissy foar Soölogyske nomenklatuer.
Yn 1958 gie er mei pinsjoen en waard Leo Brongersma syn opfolger. Dêrna joech er noch fiif jier kolleezje en oant 1974 kaam er noch geregeldwei nei it museum en skreau er wittenskiplike artikelen.
Der ferskynden 306 wittenskiplike artikelen fan syn hân.[1]
-
Millepora tenera Boschma, 1949
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|